Film: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 1:
{{Oar|film (sinematografy)|film (betsjuttingsside)}}
[[File:Muybridge_race_horse_animated.gif|right|thumb|250px|It filmke ''Sallie Gardner at a Gallop'', makke yn [[1878]] troch de [[Grut-Brittanje|Britske]] filmpionier [[Eadweard Muybridge]], wurdt gauris beskôge as de earste echte film.]]
In '''film''', ek wol in '''rôlprint''' of in '''[[fideo]]''' neamd, is in rige stilsteande bylden, dy't, as se tige fluch efterinoar op in [[byldskerm]] sjen litten wurde, de yllúzje fan beweging wekjewekket. Troch de [[faasje]] wêrmei't de bylden inoar opfolgje en de neiwurking fan elts byld op it [[netflues]] fan it [[each]], liket it dan wol as foarmje de bylden ien floeiende en trochgeande beweging. Faak is der ek [[lûd]] by de bylden tafoege, wat dy yllúzje noch fierder fuortsterket. Films binne der yn [[#Soarten en sjenres|alle mjitten en foarmen]], fan koarte stikjes fan in pear [[sekonde]]n om ien inkeld barren fêst te lizzen, oant ferslaggen fan [[evenemint]]en as de [[Alvestêdetocht]], dy't wol tolve oeren[[oere]]n duorje kinne. Langere films besteane almeast út trije dielen: de [[begjintitels]], de eigentlike film en de [[ôftiteling]] of eintitels.
 
Der besteane ferskate hjoeddeistige en âldere [[technyk|techniken]] foar it [[bylddrager|dragen fan sokke bylden]]; tsjintwurdich giet it ornaris om in [[kompjûterbestân]]. Fertoaning fan films bart bygelyks op in [[byldskerm|elektroanysk skerm]] of troch [[projeksje]] op lykfol hokker [[wite]] eftergrûn, it saneamde "'''wite doek'''" (in oantsjutting dy't ek wol foar it hiele begryp 'film' brûkt wurdt). Oarspronklik wie de fertoaning sa omslachtich dat dy inkeld yn [[bioskopen]] plakfûn, mar hjoed oan 'e dei kin men films gewoan thús sjen, op 'e [[tillefyzje]], op [[dvd]] of fia it [[ynternet]] op [[kompjûter]] of [[smartphone]]. De ynhâld fan in film is faak in [[ferhaal]] of in oare foarm fan [[fiksje]], mar kin ek [[non-fiksje]] wêze; yn dat lêste gefal wurdt de film in [[dokumintêre]] neamd. Film wurdt ek as in [[keunst]]foarm beskôge, dy't '''filmkeunst''' of '''sinematografy''' (faak ferkoarte ta '''sinema''') hjit.
 
==Etymology en betsjutting==