Papingastins (Weidum): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
by de tiid brocht
Rigel 1:
[[Ofbyld:Weidum Papingastate 2005.jpg|thumb|''Pleats yn 2005'']]
De '''Papingastins''' of '''Papingastate''' wie in [[stins]] of [[state]] yn [[Weidum]], foarhinne gemeente [[Baarderadiel]], noletter [[Littenseradiel]] en no gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]]. De stins/state stie besuden de tsjerke, njonken [[Borniastate]]. Op it steed stiet no in pleats. Oan de ein fan de Lytsebuorren oan de súdwestkant fan de tsjerke fan Weidum begjint de oprydleane nei Papingastate (út it doarp wei sjoen de linker pleats).
 
It hûs wurdt foar it earst yn de 16e iuw neamd. Op Papingastate wennen doe de Ropta’s. Yn 1570 liet Rinsk fan Ropta, dy't troud wie mei Hartman fan Haersma, oan de de Weidumer tsjerke 12.000 stiennen nei, dy't levere wurde moasten troch har tichelwurk yn [[Winsum]]. Ek de oare widdowen waarden net ferjitten, want it hûs oan de tsjerkebuorren dat fan Yme Foppes kocht wie, wie foar harren ornearre.