Liesette Bruinsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 34:
Letter datselde jiers kaam Bruinsma foar [[Nederlân]] út op 'e [[Paralympyske Simmerspullen 2016|Paralympyske Spullen]] yn [[Rio de Janeiro]], dêr't se op [[11 septimber]] goud wûn op it ûnderdiel 400&nbsp;m frije slach (S11). Fierders behelle se ek noch in sulverne medalje op it ûnderdiel 100&nbsp;m boarstslach (SB11) en twa kear brûns op 'e ûnderdielen 50&nbsp;m frije slach (S11) en 100&nbsp;m frije slach (S11). Werom yn Nederlân waard Bruinsma op [[21 desimber]] útroppen ta Paralympysk [[sporter]] fan it jier [[2016]]. Op [[15 febrewaris]] [[2017]] waard se tegearre mei [[Alyda Norbruis]] fan [[Oerterp]] ek útroppen ta Frysk Paralympysk sportfrou fan it jier [[2016]].<ref>{{Aut|Lolkema, Renze}}, ''Vier sportvrouwen van het jaar'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 16 febrewaris 2017, s. 2.</ref>
 
Yn [[2018]] wûn Bruinsma op it Jeropeesk kampioenskip [[swimmen|paraswimmen]] yn it [[Ierlân|Ierske]] [[Dublin]] gouden medaljes op 'e ûnderdielen 200&nbsp;m wikselslach, 100&nbsp;m skoalslach, 400&nbsp;m frije slach en 100&nbsp;m frije slach. Op 'e 50&nbsp;m frije slach behelle se de sulverne medalje. Ek fêstige se yn Dublin trije wrâldrekôrs.<ref>——, ''Vier keer Europees goud Liesette Bruinsma'', yn: ''[[Op 'e Skille]]'', 22 augustus 2018, s. 1.</ref> Yn [[2019]] behelle Bruinsma op it WK paraswimmen yn [[Londen]] it earste plak op 'e 200&nbsp;m wikselslach mei in tiid fan 2.46,49 [[minuten]]. Dêrmei helle se 0,09 [[sekonde]] fan har eigen wrâldrekôr ôf en fersloech se de [[Oekraïne|Oekraynse]] [[Maryna Piddûbna]] en de [[Sina|Sinese]] [[Zhang Xiaotong]], dy't resp. twadde en trêde waarden.<ref>——, ''Bruinsma: goud en wereldrecord'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 13 septimber 2019, s. 15.</ref> Op itselde toernoai wûn Bruinsma in twadde gouden medalje op 'e 100&nbsp;m frije slach, hoewol't se op dat ûnderdiel mei in tiid fan 1.07,26 rom boppe har eigen wrâldrekôr bleau. Piddûbna waard fannijs twadde, wylst de Sinese [[Li Guizhi]] diskear it brûns bemachtige.<ref>——, ''En weer belt de koning met Liesette Bruinsma'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 14 septimber 2019, s. 56.</ref> Fierders behelle Bruinsma yn Londen ek noch in goudene medalje op 'e 400&nbsp;m frije slach, mei in nij wrâldrekôr fan 5.02,19 (it âlde wrâldrekôr, ek fan har, stie op 5.04,74).<ref>{{Aut|Meeren, Peter van der}}, ''Koningshuis: 'hotline' met Friese kampioenen'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 16 septimber 2019, s. 3.</ref>
 
==Keppelings om utens==