Fryske Parsepriis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Werom sette fan ferzje 934196 fan Special:Contributions/Frou Watzema (Meidogger_oerlis:Frou Watzema) âld nijs fan 2007
Lebel: Weromsetting
red [[]]
Rigel 1:
De '''Fryske Parsepriis''' waard sûnt [[13 novimber]] [[1965]] jierliks útrikt op it Fryske Parsebal. Doe't de belangstelling foar it Parsebal werom rûn is der yn 2008 ek in punt setten efter de Fryske Parsepriis. Yn 2011 waard de Parsebaltradysje wer ynsteld mei in gearkomst yn de [[Blokhûspoarte]].
 
Fanwege it jierlikse Parsebal is healwei de jierren sechstich troch de [[Feriening fan Fryske sjoernalisten]] (VFJ, in ôfdieling fan NVJ), de beropsferiening en fakbûn fan de Nederlanske sjoernalisten, de Fryske Parsepriis ynsteld. In troch de VFJ oanwiisde sjuery rikte de Fryske Parsepriis jierliks út oan in persoan (of organisaasje) dy't yn it ([[Fryslân|Fryske]]) [[nijs]] stien hat, "sûnder dêrby de [[parse]] te sykjen of te mijen".
Yn de [[Ferpyldering|ferpyldere]] jierren fyftich en sechtich hie elke gesinte har eigen deiblêd. It [[Friesch Dagblad]] wie der foar de protestanten, Ons Noorden foar de roomsken en [[Het Vrije Volk]] foar de sosjalisten (om It Hearrenfean noch de [[Friese Koerier]]) en foar neutralen de [[Ljouwerter Krante]]. Ek de sjoernalisten hienen harren eigen fermiddens sadat se elkoar komselden seagen of koenen. In tal sjoernalisten, wêrûnder Hennie Keikes en Henk van der Meulen fan de LC, [[Fenno SchoustraSchouwstra]] fan it Vrije Volk en Arend Algra fan it FD rjochten yn in boppeseal fan hotel Bellevue oan de Nijstêd (yn 2012 sit dêr in winkel fan Bentex) de Vereniging van Friese Journalisten op. Neist it behertigjen fan harren belangen waard der foar de ynformele kontakten en ûnstspanning in soasjeteitsosiëteit oprjochte. Op 10 maart 1965 waard dy iepene troch kommissaris fan de Keninginne [[Harry Linthorst Homan|Linthorst]] Homan yn in boppeseal fan Amicitia. In jier letter wie it dien mei dizze soasjeteitsosiëteit dêr't spilers út [[De Harmonie (Ljouwert)|De Harmonie]] ynterviewd waarden, oerlis mei radiocollegaradiokollega's wie en dêr't ek parsekonferinsjes hâlden waarden. It bal waard letter hâlden yn De Klanderij, De Harmonie, La Spunta (no Spinoza oan de Iewâl), it Bachkafee, teater[[Teäter Romein]] en [[De Bres]] yn de Skoalstrjitte.
 
== Lêste winners ==