Grien: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 8:
| CMYK = (100, 0, 100, 50)
}}
'''Grien''' is in [[kleur]] dy't him yn it [[spektrum]] fan [[sichtber ljocht]] en yn 'e [[kleuresirkel]] tusken [[blau]] en [[giel]] yn befynt. De kleur hat in [[weachlingte]] fan likernôch 495-570 [[nanometer|nm]] en in [[frekwinsje]] fan rûchwei 575-525 [[tearahertz|THz]]. By [[additive kleurminging]] is grien in [[primêre kleur]], mar by [[subtraktive kleurminging]] is it in [[sekundêre kleur]]. Grien is de [[komplemintêre kleur]] fan [[maginta]]. Kwa [[tint]]en rint grien útinoar fan [[grienblau]], dat hast [[blau]] is, oant [[limoen (kleur)|limoen]], dat suver [[giel]] is. It [[wurd]] 'grien' hat deselde [[Oergermaansk]]e woartels as de wurden '[[gers]]' en 'groeie'. Grien wurdt assosjearre mei de [[natoer]] (fanwegen de griene kleur fan [[planten]]), en fierders mei [[duorsumens]], de [[miljeubeweging]], [[Ierlân]], de [[islaam]], [[feilichheid]] en tastimming. Yn 'e [[heraldyk]] is grien in [[heraldyske kleur]] en hat it de namme '''sinopel'''. Yn [[sprekwurd]]en seit men: sa grien as [[gers]], sa grien as in [[greide]], of sa grien as in [[kikkert]].
 
<gallery mode=packed heights=120px style="text-align:left">