| jierren = [[1960]] • [[1961]] • [[1962]] • [[1963]] • [[1964]]<br> [[1965]] • [[1966]] • [[1967]] • [[1968]] • [[1969]]
}}
De '''1960-er jierren''', ek oantsjut as de '''sechstiger jierren''' en de '''jierren ’60''', wiene in [[desennium]] fan 'e [[20e iuw]] neffens de [[Gregoriaanske kalinder]]. Rekkenkundich sjoen begûn itdat desennium op [[1 jannewaris]] [[1961]] en duorre it oant en mei [[31 desimber]] [[1970]], mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan [[1 jannewaris]] [[1960]] oant en mei [[31 desimber]] [[1969]]. De 1960-er jierren wurde ek wol de '''''Swinging Sixties''''' neamd fanwegen it trochbrekken fan [[maatskiplik]]e [[taboe]]s yn dit desennium, benammen dy op it mêd fan [[rasisme]], [[seksisme]] en [[seksualiteit]], mar ek oangeande [[klean]], [[muzyk]] en [[drugs]]. Kwestjes dy't dit desennium dominearren wiene de [[Kâlde Oarloch]], mei as hichtepunten de [[Fjetnamoarloch]], de [[Kubakrisis]] en de ûnderdrukking fan 'e [[Praachske Maityd]], en fierders de [[Amerikaanske Boargerrjochtebeweging]] yn 'e [[Feriene Steaten]], de [[Kulturele Revolúsje]] yn [[Sina]], de [[dekolonisaasje]] yn [[Afrika]], [[studint]]eprotesten oer de hiele wrâld, de [[moard]]en op [[John F. Kennedy]], [[Martin Luther King]] en [[Robert Kennedy]], en de [[Apollo 11|moannelâning fan Apollo 11]].