Dirk Fontein de Jong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
 
Rigel 6:
Op lânboukundich mêd makke er namme; hy wie lid fan de [[Oarder fan de Nederlânske Liuw]] en oprjochter fan de 'Onderlinge Dantumadeel'. Dirk Fontein de Jong naam yn 1872 it inisjatyf ta oprjochting fan de ''Onderlinge Brandwaarborgmaatschappij Dantumadeel''.
 
Hy waard beneamd as sekretaris/boekhâlder, dat er oant 1897 die. Yn 1864 krige hy sitting yn de kommisje, dy't as doel hie om de [[Jantsje ]]yn te rjochtsjen. Yn 1878 waard er bestjoerslid fan it Noarder Reidfjild ûnder [[Broek ûnder Ikkerwâld]] en wie yn dat jier sekretaris fan de [[wetterskip]]pen Tusken Lytsen en de Fennen en Hoogfenne ûnder Ikkerwâld, wylst hy sitting krige yn de kommisje, dy't as taak hie it wetterskip De Borken op te rjochtsjen. Fierders wie hy foarsitter fan it bestjoer fan de naai- en breiskoalle yn Broek ûnder Ikkerwâld, dy't yn 1872 oprjochte waard en ponghâlder fan de naai- en breiskoalle yn Moarrewâld.
 
Yn [[1881]] waard de sparbank fan 'it Nut' orjochte as fuortsetting fan de sparkassen yn de ferskate doarpen. Dirk Fontein de Jong hie mei [[Arnoldus Prakken]] it behear fan de sparbank yn Moarrewâld. Op 29 jannewaris 1898 ferstoar Dirk de Jong hommels, hy waard 61 jier.