Republyk Feneesje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 63:
 
It waard noch helte minder, want tsien jier letter sleat [[paus]] [[Julius II (paus)|Julius II]] de [[Liga fan Kameryk]] mei keizer [[Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk]] en de keningen fan [[Keninkryk Frankryk|Frankryk]], [[Keninkryk Napels|Napels]] (feitliks de [[Kroan fan Aragon]]) en [[Keninkryk Hongarije|Hongarije]], dy't allegear mei begearige eagen nei de rike Fenesiaanske besittings seagen. Op [[14 maaie]] [[1509]] waard Feneesje yn 'e [[Oarloch fan de Liga fan Kameryk]] ferpletterjend ferslein yn 'e [[Slach by Agnadello]], wat ien fan 'e djiptepunten út 'e skiednis fan 'e republyk wie. De Feneto waard dêrnei beset troch Frânske en keizerlike troepen, mar hoewol't Feneesje de [[Apúlje|Apulyske]] havenstêden oan Napels ôfstean moast, waard paus Julius II him al rillegau gewaar fan it gefaar dêr't er syn eigen [[Pauslike Steat]] oan bleatstelle soe as er de Republyk Feneesje, de iennichste Noarditaljaanske steat dy't in fûst meitsje koe tsjin Frankryk en it Hillige Roomske Ryk, alhiel ferneatige wurde litte soe. Sadwaande briek der twaspjalt mank de leden fan 'e Liga fan Kameryk út, dy't Fenesiaanske diplomaten eksploitearje koene. Boppedat briek der op it fêstelân in opstân út yn 'e besette gebieten, wêrby't [[Andrea Gritti]] de stêd [[Padua]] yn [[july]] [[1509]] weromferovere en dêrnei mei súkses ferdigene tsjin nije Frânske en keizerlike oanfallen. Napels en de paus ferbrieken har bûnsgenoatskip mei Frankryk, en Feneesje wist ek [[Brescia]] en [[Verona]] op 'e Frânsen te weroverjen. Nei sân jier fan rottekrûddjoere oarlochfiering, dy't de republyk finansjeel op 'e râne fan 'e ôfgrûn brocht, wist Feneesje úteinlik al syn besittings op it fêstelân oan 'e [[rivier]] de [[Adda (rivier)|Adda]] ta werom te krijen. Hoewol't dêrmei in nederlaach omset wie yn in oerwinning, betsjutte it foargoed de ein fan 'e Fenesiaanske ekspânsjedriuw.
[[File:1496_Gentile_Bellini,_Procession_in_St._Mark's_Square_Tempera_on_canvas,_367x745cm,_Galleria_dell'Accademia,_Venice - Procession in piazza San Marco by Gentile Bellini.jpg|right|thumb|350px|In [[prosesje]] op it [[Piazza San Marco]] yn [[Feneesje]], op in [[skilderij]] fan [[Gentile Bellini]] út [[1496]].]]
 
Underwilens diene de Osmanen oanhâldend oanfallen op [[Fenesiaansk Syprus]]. Dat begûn al fuortendaliks yn [[1489]] mei in wraam op it [[Karpasia-skiereilân]]. Yn [[1539]] fierde de Osmaanske float in oanfal út wêrby't de havenstêd [[Limassol]] ferwuostge waard. De Fenesianen hiene tsjin dy tiid de stêden [[Famagusta]], [[Nikosia (Syprus)|Nikosia]] en [[Kyrenia]] fortifisearre, mar de rest fan Syprus lei iepen foar nije Osmaanske oanfallen. Yn 'e [[simmer]] fan [[1570]] sloegen de Osmanen fannijs ta, mar diskear wie it gjin koarte oanfal, mar in ynvaazjemacht fan 60.000 man, wêrûnder net inkeld [[ynfantery]] mar ek [[kavalery]] en [[artillery]], dy't op [[2 july]] fan dat jier ûnder lieding fan [[Lala Kara Mustafa Pasja]] sûnder wjerstân by Limassol oan lân gean koe. Neitiid folge it [[Belis fan Nikosia]], dat op [[9 septimber]] foel. Yn in orgy fan [[geweld]] waarden doe 20.000 boargers fan 'e stêd [[fermoarde]]. Nei't it nijs fan dat bloedbad him as diggelfjoer oer it eilân ferspraat hie, joech Kyrenia him in pear dagen letter sûnder slach of stjit oer, mar Famagusta ferdigene him op heldhaftige wize by in [[Belis fan Famagusta|belis dat duorre]] fan [[septimber]] [[1570]] oant [[augustus]] [[1571]].