Manlikheid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L typfl
Rigel 1:
[[File:PalmercarpenterA.jpg|right|thumb|180px|In [[boufakker]]. Lju mei in [[berop]] dêr't swier [[lichem|lichaamlik]] [[wurk]] foar ferrjochte wurde moat, wurde oer it algemien beskôge as 'echte keardels'.]]
{{Of|it begryp 'manlikheid'|it geslachtsorgaan|penis}}
'''Manlikheid''' of '''manlikens''' is in begryp dat in rige skaaimerken, manearen fan [[hâlden en dragen]] en [[maatskiplik]]e [[rolpatroan]]en omfiemet dy't [[tradysje|tradisjoneel]] assosjearre wurde mei [[manlju]] en [[jonge]]s. It is in [[maatskippij|sosjaal]] [[konsept]], dat ûnderskaat wurde moat fan 'e [[biology]]ske definysje fan 'e it [[manlik geslacht]]. It tsjinstelde fan manlikheid is [[froulikheid]], mar sawol manlju as [[froulju]] kinne skaaimerken fan manlikheid (en froulikheid) fertoane. In famke dat har op in manlike wize hâldt en draacht, neamt men gauris in [[wyldkat (famke)|wyldkat]] (of tsjintwurdich mei in [[Ingelsk]] [[lienwurd]] ek wol in ''tomboy''). As in frou sokke skaaimerken fertoant, sprekt men gauris [[minachtend|minachtsjend]] fan in 'manwiif'. As in man (tefolle) skaaimerken fan froulikheid fertoant, wurdt er omskreaun as 'ferweakke' of '[[androginiteit|androgyn]]'. In besibbe begryp is ''[[machismo]]'', in foarm fan manlikheid dy't sterk de klam leit op macht en dy't assosjearre wurdt mei it negearjen fan 'e gefolgen fan jins hâlden en dragen en de [[ferantwurdlikheid]] dêrfoar. In man dy't sok gedrach fertoant, wurdt in ''[[macho]]'' neamd. In oar besibbe begryp is [[firiliteit]] (fan it [[Latyn]]ske ''vir'', dat "man" betsjut). Dat leit de klam benammen op krêft, enerzjy en [[seks]]uële prestaasjes.
 
Maatskiplike standerts oangeande manlikheid fariëarje neigeraden de [[kultuer]] en/of it [[histoarysk]]e tiidrek dêr't it om giet. Yn 'e [[Aldheid]] wie it mank de [[Griken|Alde Griken]] typysk manlik om [[homoseksualiteit|homoseksuële]] [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasjes]] mei oare manlju te hawwen, want [[seksuële omgong]] mei [[froulju]] hie men inkeld om [[fuortplanting|bern te krijen]]. Yn 'e [[Midsiuwen]] wiene homoseksuële relaasjes ûntinkber, en wie it konsept manlikheid just nau ferweve mei it [[kristendom]] en mei [[ridderlikheid]]. In echte man wie [[moed]]ich en [[goederjouskens|goederjousk]] en behannele alle [[froulju]] mei [[respekt]]. Yn 'e [[njoggentjinde iuw]] wie de [[dandy]] it toanbyld fan manlikheid, wylst dy hjoed de dei as ferweakke (oftewol: fierstente froulik) beskôge wurdt. Yn 'e [[tweintichste iuw]] gou lange tiid it kredo: "echte manlju [[gûlen|gûle]] net": 'echte' manlju (en jonges) moasten har tsjin alles yn gruthâlde, want gûlen wie in teken fan swakte en dêrom 'ûnmanlik'. Tsjintwurdich wurdt manlikheid, alteast yn 'e [[Westerske kultuer]], assosjearre mei [[lichemskrêft]], [[moed]], [[selsrêdsumens]], [[assertiviteit]] en in beskate mjitte fan [[geweld]]. [[Antropolooch]] [[Ronald F. Levant]] joech yn syn [[boek]] ''Masculinity Reconstructed'' de folgjende definysje fan 'e moderne Westerske manlikheid: "it mijen fan froulikheid; ûnderdrukte [[emoasje]]s; [[seks]] dy't los stiet fan [[intimiteit]]; it neijeien fan prestaasje en [[maatskiplike status|status]]; selsrêdsumens; lichemskrêft en [[agresje]]; en [[homofoby]]."