Elisabeth fan Tueringen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
No edit summary
Rigel 54:
 
==Bernetiid==
[[File:Albrecht de Vriendt - The youth of St. Elisabeth of Hungary.Jpeg|thumb|260px|<center>''De Jeugd fan Elisabeth'', [[Albrecht de Vriendt'']]</center>]]
Al as lyts bern waard Elisabeth fersein oan Loadewyk, de âldste soan fan de lângreve Herman fan Thüringen. Yn 'e regel telde by sokke regelings fral de machtspolitike ferhâldings. It Hûs Andechs-Meranië hearde krekt as dat fan de [[Ludovingen]] ta de ynfloedrykste famyljes fan Europa.
 
Rigel 60:
 
==Houlik==
[[File:Pietro Rotari Hl Elisabeth verteilt Almosen.jpg|thumb|220px|left|<center>''Elisabeth dielt Jelmissen út oan de Earmen'', [[Pietro Rotari]] (1707–1762)'']]
Doe't lângreve Herman fan Thüringen yn 1217 ferstoar waard syn soan Loadewyk yn 'e âldens fan 17 jier regint. Hy troude Elisabeth yn 1221 doe't se noch mar 14 wie yn de Joristsjerke (''Georgenkirche'') fan Eisenach. It houlik wie goed, en oars as yn dy tiid wênst by in soad oaren fan syn stân wie Loadewyk syn frou trou. Hy fielde him ferbûn mei har en oars as gebrûklik ieten se tegearre en gyng Elisabeth mei har man mei op reis. Wie dat net mooglik dan droech Elisabeth rouklean.
Rigel 72:
 
== Earme- en sikesoarch ==
[[File:Marianne Stokes St Elizabeth of Hungary Spinning for the Poor.jpg|thumb|220px|<center>''Elisabeth oan it spinnen foar de Earmen'' (Marianne Stokes)''</center>]]
Al fanôf de 12e iuw ûnstie der fanút de Tsjerke in breed organisearre omtinken foar de earmoed. Froulju, lykas de [[beginen]], libben neffens it apostoalyske ideaal fan earmoede en keinens sûnder har te ûnwerpen oan in oarder. Paus [[Paus Honorius III|Honorius III]] joech geastliken opdracht sokke fromme mienskippen, dy't ek faak fertocht waarden fan ketterij, te stypjen en yn de sielssoarch te helpen. Ut dy beweging ûntstiene in rige nije oarders lykas de [[dominikanen]] en de [[fransiskanen]]. Troch har bychtheit Rodeger rekke Elisabeth ek bekend mei de idealen fan [[Fransiskus fan Assisi]]. By Elisabeth foelen de idealen fan de earmoedsbeweging op fruchtbere boaiem. Under har hôfklaaiïng droech Elisabeth nei alle gedachten in boetekleed en stadichoan joech se jimmeroan mear en mear kostbere klean en sieraden wei.
[[File:St Elizabeth visiting a hospital. Wellcome V0017201.jpg|thumb|left|220px|<center>''Elisabeth fersoarget de siken'', [[Adam Elsheimer ]] (1578–1610)''</center>]]
It bleau net by it weijaan fan kostberheden; Elisabeth begûn har ek yn te setten as suster. Se die swier wurk en fersoarge siken, wurk dêr't tiidgenoaten op del seagen. Se spinde wol en weve mei har tsjinstfammen doeken, dy't se weijoech oan it earme folk. Se waske en klaaide ferstoarne minsken en soarge foar it begraven. Fanôf 1226 holp hja boppedat yn it spitaal, dat hja oan de foet fan de Wartburg stiftsje liet. De boarnen beskiuwe har tawijing, dy't ek benammen bern oanbelange: hja wie tige leaf, ek foar dy bern dy't smoarch, melaatsk of breklik wiene en se kocht boartersguod foar har. De hongerwinter fan 1225-1226 wie de oanlieding foar Elisabeth's earste grutte hulpaksjehelpaksje. Wylst har man oan it hôfhof fan de keizer yn Cremona wie, liet Elisabeth yn alle dielen fan it lân de nôtskuorren iepenje om it hongerjende folk fan iten te foarsjen. Ek holp hja minsken dy't wurkje koene oan goed reau en waarme klean. Oan it hôfhof waarden de aksjes fan Elisabeth bekritisearre, mar doe't har man op de Wartburg werom kaam joech er útdruklik syn segen oan it wurk fan Elisabeth.
 
== Krústocht ==
Rigel 83:
Oan fechtsjen kaam Loadewyk net mear ta want op 12 septimber, rillegau nei't er yn [[Otranto]] oan board gien wie, ferstoar Loadewyk oan in ynfeksje. Lang waard de dea fan har man foar Elisabeth stilholden, mar doe't se fermoedens krige hiet se de famylje it op te bychten en doe't har fertinkings befêstige waarden rôp se út dat mei it stjerren fan har man ek de wrâld foar har ferstoarn wie. Hja begûn alles, mar dan ek alles wat se hie, wei te jaan oan de earmen.
 
Elisabeth hie fanwegen har frommens en har hâlding foar besit oer al tal fan konflikten mei famyljeleden, bestjoerders en fertsjintwurdigers fan de adel. Troch har ûnthjit hie hja har boppedat ûnderwurpen oan in bychtheit, dy't jimmeroan fanatiker waard en folsleine kontrole oer har en de noch minderjierrige lângreve hie. Koenraad fan Marburg ûntjoech him boppedat mear en mear as in [[Ynkwisysje|inquisitorynkwisiteur]], dy't de freze der aardich yn hie dy't elkenien en elkenien dy't it net mei him iens wie ferfolgje liet. Loadewyk hie altiten as in beskermjende faktor funksjonearre tusken Elisabeth en har omjouwingfermidden, mar nei syn dea duorre it net lang dat de konflikten, dy't earder noch ûnder it kleed bleaune, iepenlik oan it ljocht kamen.
 
==Sûnder hûs==
Rigel 90:
 
Hindrik Raspe IV, de jongere broer fan Loadewyk, fûn Elisabeth net mear tarekkeningsfetber en hie fuort nei de dea fan syn broer himsels as regint fan de fiifjierrige Herman beneamd. Ek liet er beslach lizze op al it lân en de ynkomsten, dat har troch Loadewyk as in soarte fan widdo's pensioen tasein wie. Hja mocht wenjen bliuwe en holden ek it rjocht om oan te skowen oan de tafel fan de lângreve om mei te iten, mar dat wegere Elisabeth fanwegen de troch Koenraad opleine spiisfoarskriften. Elisabeth ferliet mei har tsjinstfammen dêrnei de Wartburg en brocht ûnder tige drege omstannichheden de winter fan 1227 op 1228 troch yn Eisenach. De réaksje fan de hegere stân wie ien fan ûnbegryp, minachting en spot en nimmen weage it Elisabeth yn 'e op te nimmen. Hja wenne earst yn in skuorre en socht letter de beskerming fan in tjerke, har trije bern waarden har letter út it Slot neibrocht. Jimmeroan moast se in oar plak sykje, itjinge op it lêst ta har fersuchting liede: "Ik woe graach de minsken betankje, mar ik wit net wêrfoar". Sels minsken dy't hja earder holpen hie wegeren har te helpen. De ''Libellus'' skriuwt oer in âld minske, dy't fan Elisabeth mei jild en medisinen fersoarge wie helle har troch it slyk.
[[File:St -Elizabeth-of-Hungary-Great-Act-of-Renunciation.jpg|thumb|260px|<center>''De eed op fersaking fan alles dat Elisabeth leaf wie'' neffens in skilderij fan [[Philip Hermogenes Calderon]] (1833–1898)''</center>]]
Under ynfloed fan Koenraad liet Elisabeth har folselin fan de ynfloed fan har famylje isolearje. Ek de lêste fertrouwelings rekke hja nei har ferhûzing nei Marburg kwyt. Dêr libbe Elisabeth yn in ienfâldich hûs tegearre mei twa, troch Koenraad útsochte, froulju: in jonge frou út de leechste stân en in troch Koenraad op ûnfreonlikens útsocht âld frommis, de widdo Hedwig fan Seebach.
 
Op [[goedfreed]] 1228 docht Elisabeth yn oanwêzigens fan Koenraad en in pear muontsen yn de Fransiskaanske tsjerke in nije eed: hja naam ôfstân fan alle famylje en alle wrâldske saken en die op 'e nij it ûnthjit om hearsum te wêzen.
==Tuskenkomst fan de famylje==
[[File:Piero, Polittico di Sant&#039;Antonio 04.jpg|thumb|220px|left|<center>Elisabeth tegearre mei har grutte foarbyld Sint-Fransiskus, [[Piero della Francesca'']]</center>]]
No gyng it ek de famylje fan har memmekant al te dryst. Abdis Mechthild fan Kitzingen liet har muoikesizzer Elisabeth nei alle gedachten oan it begjin fan april 1228 tsjin har sin nei har omke, de biskop fan Bamberg, bringe. Dy liet har opnimme op de boarch Pottenstein yn Oberfranken. Eckbert fan Bamberg stelde in nij houlik út en hie dêrfoar nei alle gedachten keizer Freark II yn gedachten. De tsjinstfammen fan Elisabeth seine letter by it proses om Elisabeth hillich te ferklearjen dat hja har bot tsjin de plannen fersette en him drige dat, oft it sa fier komme soe, hja harsels misfoarmje soe troch harsels de noas ôf te snijen, sadat elk dy't belangstelling hie him wol ôfskrikke liet. Se wist har los te meitsjen fan har omke doe't yn maaie 1228 lang om let de oerbliuwsels fan Loadewyk nei it kleaster Reinhardsbrunn nei Thüringen oerbrocht waarden en flechte by de gelegenheid nei Koenraad fan Marburg.