Elisabeth fan Tueringen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 44:
| webside =
}}
'''Elisabeth fan Tueringen''' (* 1207 yn [[Bratislava]] of op de boarch Rákóczi yn [[Sárospatak]], ([[Hongarije]]); † 17 novimber 1231 yn [[Marburg an der Lahn]]), ek '''Elisabeth fan Hongarije''' neamd, wie in Hongaarske prinsesse en in Dútske lângrevinne. Hja wurdt as in hillige yn de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|katolike]] tsjerke fereare en is de lânshillige fan [[Dútslân]]. Fanwegen har neisteleafde wurdt hja ek yn [[Protestantisme|protestantske]] rûnten fereare. De kapel yn Marburg dêr't Elisabeth yn byset waard moast letter plak meitsje foar grutte [[Elisabethkirche (Marburg)|Elisabethtsjerke]], ien fan de earste suver goatyske tsjerken fan [[Dútslân]].
 
==Famylje==
Rigel 90:
 
Hindrik Raspe IV, de jongere broer fan Loadewyk, fûn Elisabeth net mear tarekkeningsfetber en hie fuort nei de dea fan syn broer himsels as regint fan de fiifjierrige Herman beneamd. Ek liet er beslach lizze op al it lân en de ynkomsten, dat har troch Loadewyk as in soarte fan widdo's pensioen tasein wie. Hja mocht wenjen bliuwe en holden ek it rjocht om oan te skowen oan de tafel fan de lângreve om mei te iten, mar dat wegere Elisabeth fanwegen de troch Koenraad opleine spiisfoarskriften. Elisabeth ferliet mei har tsjinstfammen dêrnei de Wartburg en brocht ûnder tige drege omstannichheden de winter fan 1227 op 1228 troch yn Eisenach. De réaksje fan de hegere stân wie ien fan ûnbegryp, minachting en spot en nimmen weage it Elisabeth yn 'e op te nimmen. Hja wenne earst yn in skuorre en socht letter de beskerming fan in tjerke, har trije bern waarden har letter út it Slot neibrocht. Jimmeroan moast se in oar plak sykje, itjinge op it lêst ta har fersuchting liede: "Ik woe graach de minsken betankje, mar ik wit net wêrfoar". Sels minsken dy't hja earder holpen hie wegeren har te helpen. De ''Libellus'' skriuwt oer in âld minske, dy't fan Elisabeth mei jild en medisinen fersoarge wie helle har troch it slyk.
[[File:St -Elizabeth-of-Hungary-Great-Act-of-Renunciation.jpg|thumb|260px|<center>''De eed op fersaking fan alles dat Elisabeth leaf wie'' neffens in skilderij fan ''[[Philip Hermogenes Calderon]] (1833–1898)</center>]]
Under ynfloed fan Koenraad liet Elisabeth har folselin fan de ynfloed fan har famylje isolearje. Ek de lêste fertrouwelings rekke hja nei har ferhûzing nei Marburg kwyt. Dêr libbe Elisabeth yn in ienfâldich hûs tegearre mei twa, troch Koenraad útsochte, froulju: in jonge frou út de leechste stân en in troch Koenraad op ûnfreonlikens útsocht âld frommis, de widdo Hedwig fan Seebach.
 
Op [[goedfreed]] 1228 docht Elisabeth yn oanwêzigens fan Koenraad en in pear muontsen yn de Fransiskaanske tsjerke in nije eed: hja naam ôfstân fan alle famylje en alle wrâldske saken en die op 'e nij it ûnthjit om hearsum te wêzen.
==Tuskenkomst fan de famylje==
[[File:Piero, Polittico di Sant&#039;Antonio 04.jpg|thumb|220px|left|<center>''Elisabeth tegearre mei har grutte foarbyld Sint-Fransiskus'', [[Piero della Francesca]]</center>]]
No gyng it ek de famylje fan har memmekant al te dryst. Abdis Mechthild fan Kitzingen liet har muoikesizzer Elisabeth nei alle gedachten oan it begjin fan april 1228 tsjin har sin nei har omke, de biskop fan Bamberg, bringe. Dy liet har opnimme op de boarch Pottenstein yn Oberfranken. Eckbert fan Bamberg stelde in nij houlik út en hie dêrfoar nei alle gedachten keizer Freark II yn gedachten. De tsjinstfammen fan Elisabeth seine letter by it proses om Elisabeth hillich te ferklearjen dat hja har bot tsjin de plannen fersette en him drige dat, oft it sa fier komme soe, hja harsels misfoarmje soe troch harsels de noas ôf te snijen, sadat elk dy't belangstelling hie him wol ôfskrikke liet. Se wist har los te meitsjen fan har omke doe't yn maaie 1228 lang om let de oerbliuwsels fan Loadewyk nei it kleaster Reinhardsbrunn nei Tueringen oerbrocht waarden en flechte by de gelegenheid nei Koenraad fan Marburg.
 
==Marburg==
Fuort nei de bysettingsplechtichheid wist Koenraad fan it grevehûs dien te krijen dat Elisabeth net it besit mar in fergoeding fan 2.000 sulvermarken krige. Hindrik Raspe en syn broer Koenraad fan Tueringen joegen boppedat wat lân by Marburg om foar it libben te brûken. Al yn de simmer fan 1228 liet Elisabeth dêr bûten de stedsmuorren in hospitaal bouwe. Elisabeth keas Fransiskus fan Assisi út as patroanhillige fan it sikenhûs.
[[File:Szent Erzsébet (Pannonhalmi Zsuzsa) és egy bagoly, 2018 Pesterzsébet.jpg|thumb|220px|<center>|''Byld fan Elisabeth út 1997 fan Zsuzsa Pannonhalmi (1997) foar de nei har ferneamde tsjerke yn Pesterzsébet (Hongarije)''</center>]]
De lêste trije jier fan har libbenbleau se dêr as ienfâldige suster wurkjen. Se waard yn it leauwe jimmeroan fanatiker en ûntwikkele eigen dogmatyske opfettings, dy't se harsels oplei en ek fan oaren sûnder kompromis easke. Hja fertsjinne foar har ûnderhâld troch wol te spinnen foar it kleaster Altenberg, dêr't har jongste dochter Gertrudis ûnderbrocht wie.
 
Rigel 113:
 
==Reliken==
[[File:Armreliquiar St. Elisabeth Sayn.jpg|thumb|220px|<center>''Earmrelikwarium fan Elisabeth yn de Slottsjerke fan Sayn (Dútslân)'''</center>]]
De ferearing fan de reliken fan Elisabeth is nau ferbûn mei it feest fan de plechtige ''[[translatio]]'' fan it lichem op 1 maaie 1236. De oanrin fan minsken wie sa grut, dat it ta de grutste eveneminten fan it midsiuwske Marburg rekkene wurdt. Neffens boarnen út dy tiid wiene der wol 1,2 miljoen minsken, mar dat tal liket wat oerdreaun. It is wol wis dat keizer Freark II oanwêzich wie mei in hiel soad fertsjintwurdigers út it adeldom en it tsjerklik libben.