Johan van Oldenbarnevelt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 1:
[[Ofbyld:Michiel Jansz van Mierevelt - Johan van Oldenbarnevelt.jpg|right|thumb|240px|Johan fan Oldebarnevelt skildere troch [[Jans fan Mierevelt]]]]
'''Johan van Oldenbarnevelt''' ([[14 septimber]] [[1547]], [[Amersfoart]] – terjochtsteld [[13 maaie]][[ 1619]], [[De Haach]]) wie de belangrykste Nederlânske steatsman yn de earste faze fan de [[tachtichjierrige oarloch]]. Hy waard slachtoffer fan in politike moard troch oanhingers fan [[Maurits van Oranje|Prins Maurits fan Oranje]].
 
== Libben ==
Rigel 12:
== De rebûlje ==
[[Ofbyld:Johan v Oldenbarnevelt TheHague.jpg|left|thumb|In stânbyld fan Johan van Oldenbarnevelt yn [[De Haach]].]]
De gearwurking mei Maurits de steedhâlder gie oant [[1600]] goed. Oldenbarnevelt die de polityk en [[Maurits van Oranje|Maurits]] ferovere de iene stêd nei de oare stêd. Mar Maurits waard wol âlder en koe hieltiten minder oer de bemuoienissen fan Van Oldebarnevelt. Maurits waard tsjin syn eigen oardiel yn nei [[Dúntsjerk]] stjoerd, wat late ta de [[slach by Nijpoart]]. Dizze minne ûntwikkelings hawwe de twa mannen útinoar dreaun. Doe't Van Oldebarnevelt der ek noch foar soarge dat der in [[tolvejierrich bestân|bestân]] kaam mei [[Spanje]] wienen de rapen gear. Maurits liet it op rebûlje oan komme. Dit krigen sy troch in ferskil fan miening yn de striid tusken de [[remonstranten]] en de [[kontraremonstranten]]. Maurits wie op de hân fan de kontraremonstranten, mar Oldebarnevelt twong de tsjerke om de remonstranten te tolerearen. Mei de [[Skerpe Resolúsje]] ([[1617]]) waarden de Hollânske stêden troch de steaten machtige om hiertroepen oan te nimmen om ûnrêst foar te kommen. Dit wie in grutte provokaasje tsjin Maurits: hy wie de baas fan it leger en dit gie direkt tsjin syn gesach yn. Maurits soarge derfoar dat de wet feroare waard en hy liet yn [[1618]] Van Oldebarnevelt en guon meistanners, lykas [[Hugo de Groot]], fêstsette. In bysûndere rjochtbank feroardiele Van Oldebarnevelt ta de dea fanwege heechferrie. Op[[ 13 maaie]] [[1619]] waard er ûnthalze.
 
Ta it publyk sei hy de ferneamde wurden: 'Mannen leau net dat ik in lânferrieder bin: ik haw oprjocht en from hannele, as in goed patriot, en sa sil ik stjerre'. Syn alderlêste wurden wienen tsjin de beul: Meitsje it koart, meitsje it koart.