Balthasar Bekker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Libben: dat wie nij
Rigel 5:
 
== Libben ==
Balthasar Bekker wie in soan fan predikant Henricus Bekker (fan 1633-1646 [[dûmny]] yn Mitselwier-[[Nijewier]]) út [[Bielefeld]]. Hy studearre yn [[Universiteit Grins|Grins]] by de ferneamde heechlearaar Easterske talen [[Jacob Alting]] en yn [[Universiteit fan Frjentsjer|Frjentsjer]]. Nei twa jier koe hy ta syn freugde de funksje as rektor fan de [[Latynske skoalle]] opjaan, doe't er beroppen waard nei [[Easterlittens]] ([[1657]]). Nij wie dêr dat er op [[snein|sneintemiddei]] preke. Hy promovearre yn [[1665]] yn de teology en skreau ferskate [[kategeze|kategesaasjeboekjes]]. Yn [[1666]] waard hy beroppen nei Frjentsjer.
 
Bekker wie in oanhinger fan [[René Descartes]] en begûn oan alles te twifeljen. Hy leaude net yn sielsferhuzing en wie it net iens mei [[Tomas fan Akwino]], dy't it leauwen yn oare geasten, ôfsjoen fan de Skrift, ek reedlik fûn. Ek [[Aristoteles]] hie net syn foarkar as wiisgear. Der ûntstie yn [[1670]] in ferheftige strideraasje nei oanlieding fan syn ''De Vaste Spijse der Volmaakten'', dat ''... sels 'lands regering het nodig achtte zich ermee te bemoeien''. Yn [[1672]] waard hy troch de synoade fan [[Sosinianisme]] frijsprutsen.