Aggie van der Meer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Altiten de boarne neame
Rigel 7:
[[Pedofily]] is ien fan de tema's yn de ''Lytse roman fan Jon Fels'', in tema dat yn de Fryske literatuer noch net earder oan 'e oarder wie. De styl fan Aggie van der Meer is tagelyk poëtysk, koart en ta de kearn. Har taalgebrûk is ryk; se skept metafoaren en bylden dy't ferwize nei de [[bibel]], nei oare boeken, nei de natoer en nei de klassiken. Ek yn har ferhaleroman 'Untdekking fan 'e wrâld' jout se har fyzje op it libben en har wrâld middels anekdoates, aforismen, ûnderfinings en petearen yn deselde koarte, poëtyske styl as har foarige boeken. Taalgebrûk, styl en it appellearjen oan kennis fan skiednis, bibel en literatuer, meitsje de poëzy fan Aggie van der Meer net maklik tagonklik. Wat de ynhâld fan har wurk oanbelanget, lit Van der Meer in wrâld sjen dy't te lijen hat fan it stribjen nei macht en it egoïsme fan de minske.
 
Yn 2019 krige Van der Meer de [[Gysbert Japicxpriis]] foar har hiele oeuvre hoewol't se ynearsten allinne nominearre waard foar har [[roman]] ''De achttjin'' út 2016<ref>[https://www.lc.nl/cultuur/Gysbert-Japicxpriis-voor-Aggie-van-der-Meer-24855627.html ''Gysbert Japicxpriis voor Aggie van der Meer'', Ljouwerter Krante 25 septimber 2019]</ref>.
 
== Wurk ==
Rigel 50:
* [http://www.aggievandermeer.nl/ Webside Aggie van der Meer]
* [http://www.sirkwy.nl/titel/160&searchkey=Aggie%20van%20der%20Meer Skriuwersynformaasje by Sirkwy]
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
{{Reflist}}
}}
 
{{DEFAULTSORT:Meer, Aggie van der}}