Joäsj fan Juda: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
→Sjoch ek: kt |
L corr using AWB |
||
Rigel 6:
Joäsj waard lykwols troch [[Josjabat]], in suster fan de fermoarde kening, op'e tiid út it paleis helle en dûkte ûnder yn de timpel by de hegepryster [[Jojada]]. Nei't Atalja seis jier keninginne wie en Joäsch sân waard, like it Josjaba geunstich om him ta kening te kroanen. Nei't Jojada him fersekere hie fan foldwaande stipe en beskerming, makke hy bûten it witten fan de keninginne it lân op foar de kroaning fan Joäsch. De keninginne kaam der pas achter doe't de opstân al fûleindich oan de gong wie en Joäsch al kroand wie ta de nije kening fan Juda. In lilke Atalja besocht it feest noch te fersteuren, mar hja waard grepen en by de poarte fan it paleis om it libben brocht.
As kening tsjinne Joäsh it lân sa lang as de hegepryster Jojada libbe sa't God dat ha woe
Sa liet de kening de soan fan syn rêder deadzje, dy't stoar mei de wurden "Lit de Hear it sjen en wraak nimme". Dêrop foel Aram-Damaskus it lân binnen. It Arameeske leger plondere Jeruzalim en de ôftocht fan de Arameeërs waard betelle mei al it goud út de timpel en it paleis. Mei kening Joäsj kaam it net mear goed. Syn eigen tsjinners fermoarden him, in noch ferlette wraakaksje om't er Sekarja deadzje litten hie. Joäsj. Joäsh hie fjirtich jier regearre en waard opfolge troch [[Amasja fan Juda|Amasja]].<ref>2 Keningen 12</ref> <ref>2 Kroniken 22; 23</ref>
|