Finzenisstraf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
L →‎Skiednis: st. neffens Taalweb Fr
Rigel 7:
Yn 'e Ferljochting kaam men yn opstân tsjin dit systeem, wêryn't de straffen faak ek nochris ûnearlik oplein waarden. Foaroansteande tinkers út dy tiid wiene fan miening dat de frijheid it grutste goed fan 'e minske wie, en dat misdriuwen dêrom it bêste bestraft wurde koene troch dy frijheid ôf te pakken. Sadwaande waard de tapassing fan 'e deastraf beheind en waarden de liifstraffen meitiid hielendal ôfskaft. Ek it [[finzeniswêzen]] waard herfoarme, wêrby't in humane behanneling fan 'e finzenen foar it earst wichtich waard. Yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde iuw]] begûn men te twifeljen oan it nut fan it ûnderlinge kontakt fan 'e finzenen yn it tichthûs, mei't se der faak minder út kamen as dat se der yngiene. Dêrom fierde men om [[1850]] hinne de [[iensume opsluting]] yn, mei as bedoeling dat de finzene troch it ûntbrekken fan kontakt mei oaren twongen wurde soe ta besinning oer syn misdieden. It die lykwols bliken dat de minske net sûnder sosjale kontakten kin, sadat de finzenen dy't jierrenlang allinnich opsletten wiene, yn 'e regel [[sljochtsinnichheid|sljochtsinnich]] waarden.
 
Yn [[1823]] waard yn [[Nederlân]] it ''Nederlands Genootschap ter Zedelijke Verbetering van Gevangenen'' oprjochte, dat bedoeld wie om 'e finzenen in [[berop]] te learen, sadat se har nei it útsitten fan harren straf better hanthavenje kinne soene yn 'e maatskippij sûnder werom te fallen yn 'e kriminaliteit. Yn 'e [[tweintichste iuw]] soe hjirút de [[reklassearring]] fuortkomme, dy't tsjintwurdich frijlitten finzenen begeliedt by harren weromkear yn 'e maatskippij. Moderne [[kriminology|kriminologen]] binne fan betinken dat de finzenis in kriminogeen plak by útstek is, in plak dus, dêr't finzenen leare om mear en op kundiger wize misdieden te begean. [[MatsjoMacho]]gedrach mank de finzenen makket dat it klimaat yn 'e finzenis ûngaadlik is om kriminelen ta oare ynsichten te bringen. Neffens kritisy soe finzenisstraf yn 'e moderne tiid efterhelle wêze, mei't der foar ferjilding fan misdriuwen en weropfieding fan dieders yn dizze tiid folle bettere metoaden te betinken wêze moatte.
 
{{boarnen|boarnefernijing=