Sassanidyske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
No edit summary
Rigel 9:
De 65-jierrige keizer waard tige min behannele en lang om let [[terjochtsteld]] en as opsette trofee oeral tentoansteld. Hjirnei foelen hja Syrje opnij yn, mar waarden lykwols ferslein troch Kallistus Ballista, de prefekt dy't troch [[Gallienus]], de soan en opfolger fan Falerianus oanstelt wie. It weromtsjende Sassanidyske leger waard opnij en yn de rêch oanfallen troch [[Odaenatus]], kening fan [[Palmyra]], dy't de Sassanidyske Perzen ferdreau en Mesopotaamje wer oermastere.
 
De opfolgers fan Sjapoer hawwe noch faak, mei wikseljend sukses, oarloch fierd tsjin de Romeinen en harren opfolgers it [[Byzantynske Ryk]]. Dizze oarloggen soenen beide rykenriken sadanich útputte, dat mei de opkomst fan de [[Arabieren]] de Sassaniden relatyf besjoen maklik ferslein wurden koene yn [[637]] yn de [[Slach by Kadisija]].
 
De lêste kening fan it Sassanidyske Ryk wie [[Yazdegerd III]] (632–651), dy't in 14-jier duorjende kriich fierde tsjin it iere Islamityske Kalifaat.