Mozes (profeet): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 7:
[[File:Israel's Escape from Egypt.jpg|thumb|left|300px|De úttocht út Egypte]]
[[File:Rembrandt Harmensz. van Rijn 079.jpg|thumb|left|300px|Moazes en de stiennen tafels ([[Rembrandt van Rijn]])]]
Moazes waard berne as soan fan Amram en Jochebed út de stam fan Levi en as it jongere broerke fan Mirjam en Aäron. De berte fan Moazes foel yn in tiid fan slimme ferdrukking en de [[farao]] hie besletten om alle nijberne soannen fan it folk Israël te ferdrinken yn de [[Nyl]], om't it oars te manmachtich waard. Om oan dit lot te ûntkommen waard Moazes yn in wettertichte bizen koer te fûnling lein tusken it reitreid fan in wetterstream. Moazes waard fûn troch in dochter fan de farao, dy't op itselde plak kaam om te baaien. Hja seach fuortendaliks dat it in Hebriuwsk bern wie en wie fêstbesluten de fûnling te hâlden. Mirjam, de âldere suster fan Moazes, stie op distânsje ta te sjen en wie sa dryst om de prinses foar te stellen in frou te heljen, dy't it bern de tate jaan koe. En sa kaam it jonkje wer thús, mar doe't Moazes grut waard kaam hy by de prinses oan it hôf, dy't de jonge as in soan behannele en in Egyptyske opfieding joech (Ex. 2:10). De dochter fan de farao neamde it jonkje Moazes. De namme betsjut yn it Egyptysk "út it wetter redden" (mo = wetter; yses = beholden) en yn it Hebriuwsk "der úthelle" (mashah = der út helje).
 
Moazes fergeat lykwols syn komôf net en doe't hy ienris as folwoeksen man tsjûge wie fan it ôfseamjen fan in Israëlyt troch in Egyptner, waard hy sa poer, dat hy de Egyptner deasloech. It foarfal waard bekend, ek by de farao, en Moazes moast foar de wraak fan de farao flechtsje nei it lân fan de Midianiten, dêr't hy ûnderkommen fynt by Jethro en herder wurdt. Moazes troud mei Jethro's dochter Sippoara,, by wa't Moazes twa soannen krige: Gersom en Eliëzer. As Moazes op in dei it fee oan it weizjen is by de berch Hoareb, heart er yn in baarnende toarnbeiestrûk in stim. It fjoer fertarre de strûk net en de stim makke him bekend as de God fan syn heit, de God fan Abraham, de God fan Izaäk en de God fan Jakob. Moazes krige fan God de opdracht om nei de farao te gean en syn folk te ferlossen fan de slavernij. Moazes achte himsels dêrta folslein net yn steat en besocht mei ferlechtjes oan de opdracht te ûntkommen. Op de fraach wat hy dan sizze moast as it folk fan Israël Moazes nei de namme fan God freegje soe andere God: ''Ik bin dy’t Ik bin'' (Ex. 3:14), itjinge oerienkomt mei JHWH, de hillige namme fan God. "Och Heare, ik bin net in man fan it wurd" en "Ik bin swier fan mûle en tonge" (Ex. 4:10) besocht Moazes der noch tsjin yn te bringen, mar God wie net te fermurvjen en wiisde syn broer Aäron oan om mei te gean, sa’t Aäron foar Moazes sprekke koe.