Powder (rivier yn Montana): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L opmaak bytsje oars
Rigel 25:
}}
De [[rivier]] de '''Powder''' (útspr.: ['paudǝɹ]; [[Assiniboin (taal)|Assiniboin]]: Caȟní Wakpá, útspr.: [ʧax'ni: wak'pa:]) is in 604 km lange sydstream fan 'e rivier de [[Yellowstone (rivier)|Yellowstone]], yn it súdeasten fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Montana]] en it noardeasten fan 'e steat [[Wyoming]]. Hy ûntwetteret in krite fan likernôch 61.000 [[km²]] dy't histoarysk bekend stie as it [[Powderrivierlân]], mar dat tsjintwurdich almeast oantsjut wurdt as de [[Dobbe fan de Powderrivier]], op 'e [[heechflakte]] eastlik fan 'e [[Bighornbergen]]. Syn [[namme]], dy't fan ''gun powder'' ("buskrûd") komt, hat de rivier te tankjen oan it sân by in diel fan 'e [[igge]]n lâns, dat de iere [[ûntdekkingsreizger]]s oan [[buskrûd]] tinken die. Dizze Powderrivier moat net betize wurde mei [[Powder (rivier yn Oregon|Powder]] yn 'e steat [[Oregon]].
[[File:YellowstoneRiverMap.jpg|thumb|left|450px350px|It ôfwetteringsgebiet fan de Yellowstone mei de Powder.]]
 
De Powder fynt syn oarsprong yn trije fertakkings yn 'e bergen fan Wyoming. De noardlike en middelste dêrfan ûntspringe op 'e eastlike skeanten fan 'e Bighornbergen, wylst de súdlike begjint op 'e noardkant fan 'e berch de [[Garfield Peak]], yn 'e [[Granytbergen]] bewesten de stêd [[Casper (Wyoming)|Casper]]. De trije fertakkings komme byinoar yn it heuvelige foarlân fan 'e Bighornbergen, yn 'e neite fan it stedsje [[Kaycee (Wyoming)|Kaycee]]. De feriene rivier streamt dêrwei beëasten de Bighorns noardoan oer de grins mei Montana, dêr't de [[Lytse Powder (rivier)|Lytse Powder]] deryn útmûnet by it stedsje [[Broadus (Montana)|Broadus]]. De Powder sels mûnet likernôch 80 km streamôf fan [[Miles City (Montana)|Miles City]], yn 'e neite fan it stedsje [[Terry (Montana)|Terry]], út yn 'e [[Yellowstone (rivier)|Yellowstone]].