David Bowie: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Skiednis: lytse korreksjes
red., mar net dien
Rigel 1:
[[Ofbyld:David-Bowie Chicago 2002-08-08 photoby Adam-Bielawski-cropped.jpg|thumb|Bowie by de ''Heathen Tour'' yn 2002]]
'''David Bowie''' wie, berne as [[David Robert Jones]] op 8 jannewaris 1947 yn ([[Brixton ( Londen)|Brixton]], en[[8 ferstoarnjannewaris]] yn[[1947]] - [[Manhattan]], [[New York]], op [[10 jannewaris]] [[2016. Bowie]]) wie in Britske [[muzikant]], [[komponist]] en [[akteur]]. Hy wurdt beskôge as ien fan de rockmuzikanten mei de measte ynfloed fan de jierren sechtich ôf oant no ta. Fan David Bowie binne mear as 140 miljoen albums ferkocht. Hy hat ek gearwurke mei in tal oare artysten sa as [[John Lennon]], [[Lou Reed]], [[Iggy Pop]], [[Queen]], [[Mick Jagger]] en [[Tina Turner]]. Troch syn ferskate, wikseljende imagoos waard hy ek wol in muzikale kameleon neamd.
 
==Skiednis==
David Bowie makke syn earste album yn 1967, mar hy krige pas bekendheid mei de single “Space Odity” yn 1969, wat goed oanheakke by de earste lâning op de moanne, yn july fan dat jier. It waard in ynternasjonale hit. Syn twadde album, dat ek "''Space Odity''” neamd waard, bestiet foaral út akkoestyske, folky, somtiden wat dreamerige muzyk, yn tsjinstelling mei syn tredde album ''“The Man Who Sold the'' ''World”'' (1970) dat foar in grut part bestiet út rockmuzyk. De titelsong waard letter ek song troch [[Nivana (band)|Nirvana]], de Ingelske sjongeres [[Lulu]] en in tal oaren. It wie foar it earst dat der in foto fan David Bowie op de platenhoesplatehoes stie mei in lange jurk oan, letter soe dat in skoft lang in skaaimerk fan him wurde.
 
Syn folgjende album “''Hunky Dory''” út 1971 is in stik rêstiger, mei foaral piano en akkoestyske gitaar. Bekende nûmers fan dat album binne “Changes”, “Oh you pretty things” en “Life on Mars?”. David Bowie stie bekend om syn eksentrike ferskining. Hy droech faak lange jurken en make-up wannear’t er op it poadium stie, mar mei it album “''The Rise and Fall of Ziggy Stardust''” lei er noch folle mear de klam op syn androgyne ferskining en syn bi-seksualiteit. Dat album giet oer de alien Ziggy Stardust dy’t in boardskip oerbringe moat, dat de ierde binnen fiif jier ferwoaste wurde sil. Op dit konseptalbum stean nûmers as “Starman”, “Ziggy Stardust” en “Sufragette City”. De muzyk fan dit album docht wol tinken oan “''Hunky Dory''” mar is wat mear hurde rock. Yn dy perioade holp er syn freonen [[Lou Reed]] (“Transformer”) en [[Mott the Hoople]] (“All the young dudes” ) mei harren nije albums. Letter die er dat ek foar [[Iggy Pop]] (“Lust for Live”).