Aleoeten: ferskil tusken ferzjes

9 bytes grutter ,  3 jier lyn
L
→‎Geografy: [[]] oars
L (→‎Geografy: [[]] oars)
 
==Geografy==
Mei-inoar beslane alle Aleoeten in grûngebiet fan 17.670 km². Foar [[1867]] stiene se bekend ûnder de namme fan 'e Katerine-eilannen, ferneamd nei de Russyske keizerinne [[Katerine de Grutte]], mar doe't se dat jiers troch de [[Alaska-oankeap]] oergiene yn Amerikaanske hannen, waarden se omneamd. De Aleoeten besteane út fiif lytsere [[eilannegroep]]en, fan it easten nei it westen de [[Fokse-eilannen]], de [[Fjouwerberge-eilannenEilannen fan de Fjouwer Bergen]], de [[Andreanofeilannen]], de [[Rotte-eilannen]] en de [[Neie Eilannen]]. De grutste eilannen binne [[Attu (eilân)|Attu]], dat it fierste fan it fêstelân fan Alaska ôf leit, en fierders [[Unimak (eilân)|Unimak]], [[Unalaska (eilân)|Unalaska]], [[Umnak (eilân)|Umnak]] en [[Akun (eilân)|Akun]], dy't allegear ûnderdiel foarmje fan 'e Fokse-eilannen.
[[File:UnalaskaAlaska.jpg|left|thumb|280px|[[Unalaska (Alaska)|Unalaska]], op it eilân mei deselde namme, is it grutste plak op 'e Aleoeten.]]