Aleoeten: ferskil tusken ferzjes

972 bytes grutter ,  2 jier lyn
L
+ ynfoboks
L (→‎Geografy: [[]] oars)
L (+ ynfoboks)
 
{{Universele ynfoboks gebiet
| namme = Aleoeten
[[File:| ôfbylding = Mapa Hipsometryczna-Aleuty i Rów Aleucki.png|right|thumb|350px|De Aleoeten.]]
| ôfbyldingsbreedte =
| ôfbyldingstekst =
| soarte gebiet = [[eilannegroep]]
| ynwennertal = 8.162 <small>(2000)</small>
| oerflak = 17.670 km²
| befolkingstichtens = 0,5 / km²
| lân = [[File:Flag of the United States.svg|border|20px]] [[Feriene Steaten]]
| bestjoerlike ienheid 1 = steat
| namme bestjoerlike ienheid 1= [[File:Flag of Alaska.svg|border|20px]] [[Alaska]]
| bestjoerlike ienheid 2 =
| namme bestjoerlike ienheid 2=
| bestjoerlike ienheid 3 =
| namme bestjoerlike ienheid 3=
| haadplak =
| grutste plak = [[Dutch Harbor]]
| stifting =
| tiidsône = [[UTC]] –9 / –10
| simmertiid = UTC –8 / –9
| koördinaten =
| webside =
}}
{{Of|de eilannegroep de Aleoeten|it folk|Aleoeten (folk)}}
[[File:Mapa Hipsometryczna-Aleuty i Rów Aleucki.png|right|thumb|350px|De Aleoeten.]]
De '''Aleoeten''' ([[Ingelsk]]: ''Aleutian Islands'') foarmje in 1.900&nbsp;km lange keatling fan 14 grutte [[fulkaan|fulkanyske]] [[eilân|eilannen]] en 57 lytseren yn it noarden fan 'e [[Stille Oseaan]]. De [[arsjipel]] heart ta de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Alaska]]. Mei it [[Alaska-skiereilân]], dat ûnderdiel fan it Alaskaanske fêstelân útmakket en skerp útstiket yn 'e rjochting fan 'e eastlikste eilannen fan 'e groep, en yn 'e mande mei de [[Ruslân|Russyske]] [[Kommandeurseilannen]] en it skiereilân [[Kamtsjatka (skiereilân)|Kamtsjatka]] foarmje de Aleoeten de skieding tusken de gruttere Stille Oseaan, yn it suden, en de [[Beringsee]], yn it noarden.
 
De Aleoeten wurde dominearre troch it [[Aleoetysk Berchtme]], dat 57 [[fulkaan|fulkanen]] teld wêrfan't guon aktyf binne, mei in maksimale hichte fan omtrint 1.900&nbsp;m. De eilannen meitsje ûnderdiel út fan 'e saneamde ''[[Ring of Fire]]'', in [[seismology]]sk aktive keatling fan berchtmen en fulkanen om 'e [[Stille Oseaan]] hinne, dêr't geregeldwei [[ierdbeving]]s foarkomme. Mei't de Aleoeten oer de 180ste lingtegraad hinne geane, binne se it meast westlike diel fan 'e Feriene Steaten, en, ôfhinklik fan wêr't men de [[datumgrins]] leit, ek it meast eastlike.
 
==Demografy en klimaat==
Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan [[2000]] hiene de Aleoeten doe in befolking fan 8.162 minsken, wêrfan't 4.283 yn [[Unalaska (Alaska)|Unalaska]] wennen. Dat is it grutste plak fan arsjipel, dat op it eilân mei deselde namme leit. It is bekender ûnder de namme [[Dutch Harbor]], al ferwiist dy oantsjutting eins inkeld nei de pleatslike [[haven]]fasiliteiten. De lânseigen befolking fan 'e eilannen binne de [[Aleoeten (folk)|Aleoeten]], in [[etnyske groep]] dy't nau besibbe is oan 'e [[Inûyt]].
 
==Klimaat==
De trochsneed [[temperatuer]] op 'e Aleoeten is yn [[augustus]] 11&nbsp;°C, en yn [[jannewaris]] –1&nbsp;°C. Rekôrtemperatueren binne 26&nbsp;°C en –15&nbsp;°C. De eilannen krije jiers sa'n 2.000&nbsp;mm [[delslach (waar)|delslach]], en binne dêrmei ien fan 'e [[rein (delslach)|reinichste]] dielen fan 'e Feriene Steaten.