Blûn hier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Toglenn (oerlis | bydragen)
added photo
 
Rigel 1:
[[File:LucyNatural MerriamBlond Woman 2019 by Glenn Francis.jpg|right|thumb|180px|In famke mei blûn hier.]]
'''Blûn hier''' of '''blond hier''' (of mei âldere nammen '''ljocht hier''' of '''blij hier''') is mei [[read hier]] ien fan 'e seldsumste soarten fan [[minske|minsklik]] [[hier (begroeiïng)|hier]]. Dizze [[hierkleur]] docht him foar yn in wiid ferskaat oan tinten, fan tsjin it brune oan, oant hast folslein wyt, mar kin yn 'e regel omskreaun wurde as gielich. Blûn hier ûnderskiedt him fan oare hiersoarten trochdat it minder fan sawol it dûnkere [[pigmint]] [[eumelanine]] as fan it bleke pigmint [[feomelanine]] befettet. Blûne hierren binne tinner as [[brún hier|brune hierren]]. It hawwen fan blûn hier is in [[genetika|genetyske eigenskip]] dy't fuortkomt út in [[mutaasje]] dy't yn [[Jeropa]] ûnder de lêste [[iistiid]] by de [[minske]] plakfûn, likernôch 11.000 jier lyn.