Debby Petter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
{{Telefyzje- of radiopersoanlikheid
| ôfbylding = Debby petter -1462167400.jpeg
| ôfbyldingstekst = Debby yn "Ik ben er nog" op earder kamp Westerbork
| ôfbyldingsbreedte =
| echte namme = Deborah Daniëlle Petter
Rigel 29:
Nei't se yn Nederlân weromkeard wie, learde Petter har earste man kennen, mei wa't se har dochter Sterre krige. Nei't dat houlik yn [[1985]] op in skieding útrûn wie, wurke hja in hoart as [[ferkeapster]] yn in [[boekhannel]] yn 'e [[Amsterdam]]ske [[P.C. Hooftstraat]]. Dêr ûntdiek [[bier]]brouwer [[Freddy Heineken]] ([[1923]]-[[2002]]) har, dy't daliks smoar wie. Hoewol't se mear as tritich jier skeelden, fielde Petter har flaaike troch syn belangstelling en gie se ien kear mei him fuort. Neitiid bleau de man har lykwols lestich fallen. As se syn blindearre auto wer oankommen seach, ferskûle Petter har yn it kelderke fan 'e boekhannel, mar dêr liet Heineken him net troch tsjinhâlde. Sels sei se dêr yn 2015 oer: "''Ik bin noch ien kear meigien nei in lunch, om te sizzen dat er no echt út wêze moast. 'Wêrom giest net mei nei Frankryk?' sei er. Doe bin ik opstapt, en midden op 'e dyk pakte er my beet en tute er my echt rjocht op 'e freet. Ik skamme my dea foar al dy minsken. Ik skuorde my los, mar hy rôp: 'Mar ik bin smoar op dy!' Midden op 'e dyk. Ik skamme my dea. Mar him koe it gjin reet skele. Hy wie skamteleas.''"<ref>Beek, Hans van der, ''Sweet Memories'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 31 oktober 2015</ref>
 
Tsjin dy tiid hie Petter fannijs in relaasje krigen mei Van 't Hek. Dy gie doe nei Heineken ta mei it boadskip dat er Petter gewurde litte moast, oars soed er as kabaretier wolris hiel ferfelende dingen sizze kinne, dingen dy't Heineken yn 'e beurs reitsje soene. Dat die it him, neffens Petter. De saneamde [[Buckler (bier)|Buckler]]-kwestje kaam letter, mar waard hjir yn 'e [[media]] wol altyd mei ferbûn. (Buckler, it earste alkoholfrije bier fan Heineken, waard troch Van 't Hek yn syn âldjierskonferânse fan [[1989]] mei trije wurden – ''dat gereformeerde bier'' – sa slim skansearre dat it net lang dêrnei fajytfallyt gie.) Yn dyseldichste snuorje kaam akteur [[Maarten Spanjer]] ek gauris del yn 'e P.C. Hooftstraat. Petter hie doe noch gjin idee dat er spesjaal om har hielendal fan 'e oare kant fan Amsterdam kaam; dat lies hja yn [[2014]] yn syn [[autobiografy]]. Yn elts gefal wertroude Petter mei Youp van 't Hek, mei wa't se noch twa bern krige: Anna en Julius.
 
===Karriêre===