Apollo 11: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
Werom sette fan ferzje 939083 fan Special:Contributions/93.92.200.202 (Meidogger_oerlis:93.92.200.202) reden? Lebel: Weromsetting |
LNo edit summary |
||
Rigel 1:
{{Ynfoboks romtefeartmissy
| namme = Missy-embleem
|
| ôfbyldingsbreedte = 160px
| namme missy = Apollo 11
| kommando-module = CM-107
| moannelanner = LM-5
| raket =
| ropteken = CM: ''Columbia''<br />LM: ''Eagle''
| bemanning = 3
| start = [[16 july]] [[1969]]<br />13:32:00 [[UTC]]<br />Kennedy Space Center<br />LC 39a
|
[[Media:Moon landing map.jpg |Mare Tranquillitatis]]<br />(Sea of Tranquility)
|
| tiidmoanne = 21 o 36 m 20 s
| ôfbylding = Apollo 11.jpg
Rigel 19:
'''Apollo 11''' wie in missy yn it ramt fan it ''Apollo''-projekt fan de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[romtefeart]]organisaasje [[NASA]], wêrby't de earste [[minske]]n op 'e [[Moanne (himellichem)|moanne]] set waarden.
De trije [[astronaut]]en [[Neil Armstrong]], [[Buzz Aldrin|Edwin „Buzz” Aldrin]] en [[Michael Collins (astronaut)|Michael Collins]] setten op [[16 july]] [[1969]] ôf fan it [[Kennedy Space Center]] yn [[Floarida]] mei in ''Saturnus V''-raket, en kamen op [[19 july]] yn in baan om 'e moanne. Ien dei letter giene Armstrong en Aldrin mei it lâningsfartúch, de ''Eagle'', nei de moanne ta, wylst Collins yn 'e kommando-module ''Columbia'' yn in baan om 'e moanne bleau. In
Oer de hiele wrâld folgen likernôch 600 miljoen minsken de suksesfolle missy op 'e tillefyzje.<ref>John M. Sarkissian: [http://www.parkes.atnf.csiro.au/news_events/apollo11/pasa/on_eagles_wings.pdf On Eagle’sWings: The Parkes Observatory’s Support of the Apollo 11 Mission.] PDF-triem , Ingelsktalich artikel út de ''Publications of the Astronomical Society of Australia'', siden 287-310</ref><ref>[http://www.telegraph.co.uk/science/space/5852237/Apollo-11-Moon-landing-ten-facts-about-Armstrong-Aldrin-and-Collins-mission.html Apollo 11 Moon landing: ten facts about Armstrong, Aldrin and Collins' mission] op de webside telegraph.co.uk</ref> Mei Apollo 11 waard it ûnthjit fan 'e eardere Amerikaanske presidint [[John F. Kennedy]] út [[1961]] ynlost, dy't doe nammentlik sein hie dat er foàr de ein fan 'e sechtiger jierren – en noch earder as de [[Sovjet-Uny]] – in [[minske]] op 'e moanne sette woe en dy dêrnei feilich werombringe nei de [[ierde]].
== Tarieding ==
De
=== Lâningsplak ===
Rigel 30:
By it sykjen nei in gaadlik lâningsplak foar de moannelanner wie de feiligens fan de astronauten it wichtichste betingst. De moannelanner moast bygelyks mei sinneskyn en goed sicht op de moanne delkomme; en it loskommen fan de moanne soe ek by deiljocht dien wurde moatte. Doel wie om sa min mooglik brânje te ferbrûken en tagelyk safolle mooglik dêrfan mei te nimmen. Dêrtroch wie it tal mooglike lâningsplakken foar de moannelanner beheind en moast it lâningsgebiet fan de Eagle by de ekwator fan de moanne socht wurde. De grûn dêr't de moannelanner delkomme moast wie likegoed fan grut belang. In stofgrûn dêr't in moannelanner yn weisakje kin soe in gefaar wêze, in grut tal rotsen ek.
Om bylden en gegevens fan mooglike lâningsplakken op de moanne te sammeljen stjoerde de NASA ferskate romtesonden fan it Ranger- en Surveyor-program nei de moanne. De Ranger waard ynset om foto's te meitsjen, wylst de Surveyor-sonde gegevens fan de grûn sammele en dy nei de Ierde stjoerde. De bylden en gegevens wienen lykwols net genôch om in krekte
Healwei it jier 1965 sette de NASA de Apollo Site Selection Board op, mei as doel it sykjen nei mooglike lâningsplakken op grûn fan wittenskiplike en technyske aspekten. Alle mooglike lâningsplakken leinen net fier fan de ekwator ôf en de grûn like op de foto's net al te rûch. Boppedat seagen de plenners fan de missy by it sykjen nei in lâningsplak ek nei de krite om it lâningsplak hinne, om te sjen oft der gjin skeanten of hichten yn 't paad sieten dy't de radar fan de moannelanner steure koenen. Op 15 desimber 1968 wienen der noch fiif mooglike lâningsplakken oer, de saneamde ''Apollo Landing Sites'' (ALS).
Rigel 37:
=== Bemanning ===
It sykjen fan bemanningsleden foar Apollo 11 wie it wurk fan [[Deke Slayton]], baas fan it NASA-
=== Assemblaazje &
[[Ofbyld:Apollo 11 rollout (KSC-69PC-0234).jpg|thumb|De Saturn-V-raket wurdt mei Apollo 11 nei it platfoarm brocht.]]
Jannewaris 1969 kaam de moannelanner (''Lunar Module'', ôfkoarte LM) mei de namme "Eagle" oan op it Kennedy Space Center (KSC) yn Floarida. It Apollo
Doe't de beide fartugen klearmakke waarden yn it KSC, waard op 7 kilometer distânsje fan it KSC yn it ''Vehicle Assembly Building'' (VAB) wurke oan de montaazje fan de draachraket Saturnus V. Nei't it wurk dien wie yn it fabryk waarden de trije treppen fan de raket oaninoar ferbûn op it 5.715 ton swiere startplatfoarm.<ref>[http://history.nasa.gov/SP-4204/appendixb.pdf Moonport: A History of Apollo Launch Facilities and Operations] út 1978, skreaun troch Charles D. Benson en William Barnaby Faherty, side 535</ref> De ynkapsele moannelanner en it Apollo
Op 20 maaie 1969 waard de Saturnus V nei it startplatfoarm brocht dat foar de fyfte kear brûkt wurde soe foar de bemanne romtefeart. De rit nei it platfoarm duorre sa'n seis oeren oer in paad dat spesjaal dêrfoar oanlein wie. Doe't se by ''Launch Pad 39'' kamen waard ûnder it platfoarm in gasôflieder delset om de gassen út de raket ôffiere te kinnen. Fierders kaam der in ûnderhâldsplatfoarm by de Saturnus V raket om ûnderhâldswurk oan de raket dwaan te kinnen. Op 6 juny waard in test dien mei de draachraketten dêr't de bemanning fan Apollo 11 ek oan meidie.
De ''Countdown Demonstration Test'' wie de lêste belangrike test fan de draachraketten. Dy test begûn op 27 juny en soe in deimannich duorje. By de testen waarden de tanks fan de Saturnus V mei brânje opfolle en it ôftelsyklus neidien. By de twadde
== Bemanning ==
Rigel 55:
!style="background:#99CCCC; color: #000080;" colspan="16"|'''Bemanning fan Apollo 11'''
|-
|'''Funksje'''||'''Astronaut'''||'''Lid fan NASA-
|-
|Kommandant fan de missy||Neil Armstrong||<center>1962||<center>Gemini 8
Rigel 70:
De stypjende bemanning (Support Crew) wie it helpersteam fan de bemanning. Fjouwer minsken fan it helpersteam wienen belutsen by de training fan de bemanning: Ken Mattingly, Ronald Evans, Bill Pogue en Jack Swigert.<ref>[http://history.nasa.gov/SP-4029/Apollo_18-07_Support_Crews.htm De stypjende bemanningen (support crews) fan it Apollo-program] op de webside history.nasa.gov</ref> Fan dy fjouwer minsken sieten Ken Mattingly en Ronald Evans ek as ferbiningsman - ''Capsule Communicator'', ôfkoarte CAPCOM - yn it missysintrum yn Houston. De ferbiningsminsken wienen feitlik de iennichsten dy't kontakt hienen mei de astronauten yn it hielal. De oare CAPCOM's yn it missysintrum wienen: Charles Duke, Bruce McCandless, Don Lind, Owen Garriott en Harrison Schmitt.<ref>[http://history.nasa.gov/SP-4029/Apollo_18-06_Capsule_Communicators.htm List mei CAPCOM's fan it Apollo-program] op de webside history.nasa.gov</ref>
===
De
=== Roptekens ===
De romtefartugen fan de Apollo 10 missy waarden ''Charles Brown'' en ''Snoopy'' neamd, twa stripfigueren út it tekenteltsje de 'Peanuts'. De nammen waarden jûn troch de bemanning fan de Apollo 10
== Ferrin fan de missy ==
[[Ofbyld:Apollo 11 Launch2.jpg|thumb|upright|Start fan de Apollo 11
=== Hinnereis ===
De reis fan Apollo 11 begûn op 16 july 1969. Om 13:32:00 [[UTC]] sette de goed 3.000 ton<ref name="spacelaunch">[http://www.spacelaunchreport.com/satstg5.html spacelaunchreport.com]</ref> swiere
=== Lâning op de moanne ===
[[Ofbyld:Apollo 11 Lunar Module Eagle in landing configuration in lunar orbit from the Command and Service Module Columbia.jpg|thumb|left|De moannelanner yn in baan om de moanne nei't er him
Doe't Apollo 11 yn in baan om de moanne brocht wie stapten Aldrin en Armstrong yn de moannelanner. Nei in systeemhifking fan de moannelanner koenen Aldrin en Armstrong loskeppele wurde fan de kommando-module ''Columbia'' dêr't Collins yn tahold. De motorútgong waard yn tsjinoerstelde fleanrjochting holden om de Eagle te stopjen yn syn baan om de moanne. Nei in ynspeksje fan Collins koenen Aldrin en Armstrong yn de moannelanner ''Eagle'' nei de moanne ta sakje litte. Doel wie om yn de Mare Tranquillitatis del te kommen. By it loskeppeljen fan de kommando-module wie de moannelanner in bytsje draaid yn syn baan om de moanne, sadat Armstrong en Aldrin de herkenningspunten op it oerflak fan de moanne 4 sekonden earder as plend wie seagen. It plak dêr't de moannelanner de grûn rekke wie dêrtroch 4,5 kilometer fan it doel.
{| align="right" width="30%" style="background:#efefef; margin-left:10px; margin-top:10px" class="toccolours"
|-
! align="left" |<small>Oer de "1201" en "1202" alarmmeldingen kaam yngenieur Don Eyles yn 2005 ta de konklúzje dat it hardware probleem al by de ûnbemanne moannelanner fan Apollo 5 te sjen wie.<ref>Don Eyles syn konklúzje yn syn ''Guidance and Control Conference paper'' dy't yn 2005 ferskynde. Sjoch ek Don Eyles syn hiemside: [http://www.doneyles.com/LM/Tales.html TALES FROM THE LUNAR MODULE GUIDANCE COMPUTER]</ref> De rendezvousradar fan de moannelanner moast al oan stean en opwaarme wêze, om sa werom te kinnen nei de kommando-module as it nedich wie. Dat de rendezvousradar oan stie hie ek gjin probleem wêze moatten. Ut it ûndersyk die lykwols bliken dat twa ûnderdielen fan de rendezvousradar ynfloed hienen op de
|}
By it delkommen krige de bemanning op 1,8 km hichte ferskate "1201" en "1202" alarmmeldingen fan de stjoerkompjûter. Neist de lâningsradar wie de rendezvousradar ek oanset, wat net de bedoeling wie. Dat joech problemen foar de stjoerkompjûter om alle gegevens te ferwurkjen. Fan it missysintrum yn Houston krige de bemanning te hearren dat it feilich wie en lit de ''Eagle'' fierder sakje nei de moanne.
Krekt foar it delkommen fan de moannelanner seach Armstrong dat de automatyske piloat in rotsige krater as doel hie.<ref>[http://www.history.nasa.gov/alsj/a11/a11mrf5-08.gif Foto] op de webside history.nasa.gov</ref> Armstrong helle de automatyske piloat derôf en stjoerde de moannelanner oer de krater hinne nei in flakke grûn, wylst Aldrin de hichte en faasje fan de moannelanner yn 'e gaten hold. Armstrong kaam troch syn
Armstrong en Aldrin begûnen fuortdaliks mei de tarieding foar in mooglike alarmstart, sadat se by in technysk mankemint sa wer de loft yn koenen. Neffens it plan wie der nei de lâning noch mar ien minút oer om prompt wer omheech te kinnen. Oars hienen de moannelanner it romteskip fanwege syn baan om de moanne mist, boppedat soe Collins dan in net-ynplende
=== Op de moanne ===
Rigel 100:
Op 20 july 1969 om 20:17:58 oere UTC koe Armstrong melde: „Houston, Tranquility Base here. The Eagle has landed!“ (Frysk: „Houston, basis 'see fan de rêst' hjir. De earn is delstrutsen!“) It primêre doel wie helle. Tenei brûkten Armstrong en Aldrin it ropteken Tranquility Base.
Yn de twa oeren nei de melding fan Armstrong wienen de astronauten drok dwaande mei de tarieding foar de weromreis nei de kommando-module, dêr't se om de twa oeren mei begjinne koenen. Ien fan de dingen dy't yn dy tarieding dien wurde moast wie it ynstellen fan de moannelanner. Dat wie nedich om't de moannelanner oars mooglik swierrichheden krije soe mei it finen fan de kommando-module yn syn baan om de moanne. It krekte plak wie op dat stuit net
[[Ofbyld:Aldrin Apollo 11 original.jpg|thumb|Edwin „Buzz“ Aldrin op de moanne]]
Underwylst makken Armstrong en Aldrin foto's fan de moanne troch it rút fan de moannelanner. Neffens it plan soenen de beide astronauten 5 oeren en 40 minuten rêst hawwe, mar se namen lykwols 45 minuten. De tarieding dy't dien wurde moast om útstappe te kinne duorre trije oeren.
Op 21 july 1969 om 02:56:20 UTC (yn de Feriene Steaten wie it noch 20 july) stapte Neil Armstrong as earste minske op de moanne: „That's one small step for (a) man, one giant leap for mankind!“ (Frysk: „Dat is in
20 minuten letter stapte ek Aldrin út de moannelanner. Om de gearstalling fan de sinnewyn op de moanne mjitte te kinnen waard der aluminiumfoly (SWC) ophongen, dy't foar de ein fan de ekspedysje op de grûn wer meinommen waard. Nei it hisen fan de Amerikaanske flagge waarden ferskate lytse ûndersyksapparaten fan de EASEP (Early Apollo Scientific Experiment Package), de foarrinder fan de ALSEP, op it oerflak fan de moanne opboud. Sa soenen bygelyks de seismografen (PSEP) gegevens sammelje moatte oer seismyske aktiviteiten op de moanne. It apparaat oerlibbe syn earste nacht op de moanne net. In laserreflektor (LRRR) op it oerflak makke it mooglik de ôfstân tusken de moanne en de ierde te mjitten. Boppedat waarden
=== Weromreis ===
Aldrin wie de earste dy't de moannelanner ynstapte, Armstrong folge. Yn de moannelanner bruts Aldrin de hendel dy't nedich wie foar startmotor. In oere foar de start soe de hendel omset wurde moatte. Aldrin brûkte ynstee fan de hendel in filtstift om deselde aksje dwaan te kinnen.<ref>[http://www.hq.nasa.gov/alsj/a11/a11.posteva.html#1125628 Artikel ''Trying to rest''] út de ''Apollo 11 Lunar Surface Journal'' dy't op de webside hq.nasa.gov publisearre is</ref> De bemanning koe him sân oeren deljaan en waard dêrnei troch it missysintrum yn Houston wekker makke foar de weromreis. Twa en in heal oare letter, om 17:54 UTC, sette de ''Eagle'' ôf fan 'e grûn. By it opstigen fan de moanne waard de saneamde 'ascent stage' skieden fan de moannelanner. Aldrin seach by it opstigen hoe't dêrtroch de Amerikaanske flagge delfoel dy't tichtby de moannelanner plante wie.<ref>National Aeronautics and Space Administration. [http://science.ksc.nasa.gov/history/apollo/apollo-11/apollo-11.html "NASA Apollo Mission Apollo-11"]. Kennedy Space Center. Sjoen op 14 april 2012</ref> Mei de flagge wienen de wittenskiplike eksperiminten op de moanne efterbleaun. Dêrneist wienen der ferskate oantinkens efterlitten.
Fjouwer oeren nei it loskommen fan de moanne siet de moannelanner yn in baan om de moanne en koe wer keppele wurde oan de kommando-module. Nei't Armstrong en Aldrin oerstapt wienen yn de kommando-module koe de moannelanner ôfstjitten wurde en de romteskip koers nei de ierde sette. Op 24 july 1969 om 16:50 UTC kaam de kapsule fan it romteskip tewetter yn de [[Pasifyske Oseaan]] en waard troch it bergingskip USS Hornet oan board lutsen.
=== Werom op ierde ===
[[Ofbyld:Apollo 11 crew in quarantine.jpg|thumb|Presidint Nixon yn petear mei de Apollo 11
Doe't de kommando-module yn de Pasifyske Oseaan delfoel lei de module yn earste
Op 13 augustus 1969 mochten de astronauten út de karantêne. Ta eare fan de trije astronauten waarden yn de stêden New York, Los Angeles en Chicago parades holden. In wykmannich letter waard it trio nûge foar in parade yn Meksiko-Stêd. Yn Los Angeles wie op dy
== Ferskaat ==
=== Missy-embleem ===
Foar it embleem fan de Apollo 11
=== Komplotteoryen ===
De missy yn it ûnbekende en de heimsinnigens dêrfan makken de lâning op de moanne ta in foarfal yn de skiednis dêr't in soad komplotteoryen oer betocht binne. Neffens ferskate teoryen wienen der yn de jierren 1969-1972 hielendal gjin minsken op de moanne. Soks soe in optinksel of in propagandastunt wêze fan de NASA en it Amerikaanske regear. Yn de
=== Space race ===
Apollo 11 wie de earste
=== Snypsnaren ===
[[Ofbyld:Apollo11Plaque.jpg|thumb|It
De Apollo 11
Oare - symboalyske saken - dy't Armstrong en Aldrin efterlieten wienen:
* Emblemen (ûnder oaren fan Apollo 1) en medaljes.
* In
* In gouden replika fan de olivebeamtûke as tradisjoneel symboal fan frede.
* In silikoane skiif mei berjochten fan ferskate politike lieders, leden fan it Amerikaanske Kongres en de NASA. De berjochten op de skiif wienen lytser as in fearnspart fan in minskehier.<ref>[http://www.collectspace.com/news/news-111507a.html collectspace.com] The untold story: how one small silicon disc delivered a giant message to the Moon</ref>
=== Luna 15 ===
Luna 15 wie in ûnbemanne romtefartúch fan de
=== Nijsgjirrichheden ===
* Nei de Apollo 11
==
=== Fideo's ===
<center><gallery widths="180">
Rigel 172:
* [http://history.nasa.gov/ap11-35ann/FirstLunarLanding/cover.html The First Lunar Landing] It ferhaal fan de lâning op de moanne, ferteld troch de trije astronauten {{en}}
* [http://www.hq.nasa.gov/alsj/a11/images11.html Apollo 11 Image Library] fotosamling {{en}}
* [http://www.google.com/moon/ Google Moon] mei lokaasjes en foto's fan de ferskate Apollo-
{{boarnen|boarnefernijing=
|