Frankyske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎de Karolingen: lytse oanfolling
Rigel 21:
Yn [[855]] ferdielde Lotarius syn keninkryk ûnder syn trije soannen flak foar syn dea mei it [[Ferdrach fan Prüm]]. Syn âldste soan [[Loadewyk II fan Itaalje|Loadewyk II]] krige it [[Keninkryk Itaalje (Hillige Roomske Ryk)|Keninkryk Itaalje]] en de keizerstitel. [[Lotarius II]] krige [[Fryslân (wengebiet)|Fryslân]] en it part fan [[Austraasje]] dy't syn heit tadield krige, dat it keninkryk [[Loataringen]] waard en [[Karel fan de Provâns|Karel]] krige [[Provâns]] en it grutste part fan it eardere [[Keninkryk Boergonje]].
 
Yn [[870]] mei it [[Ferdrach fan MeersenMeerssen]] waard it keninkryk Loataringen ferparte tusken Eas- en West-Frânsje, nei't Lotarius II in jier letter sûnder wetlike erfgenamten ferstoarn wie.
 
Mei it [[Ferdrach fan Ribemont]] yn [[880]] kaam gâns Loataringen oan East-Frânsje. Yn [[884]] waard [[Karel de Grouwe]], de soan fan Loadewyk de Dútser, ta keizer kroand en feriene er it gânse ryk fannijs, mar foar mar in koart skoftke. Syn swakke optreden tsjin de [[Wytsingen]] die him te koart. Yn [[887]] kaam syn omkesizzer [[Arnulf fan Karintje]] yn opstân en naam de macht yn it easten oer. Greve [[Odo I fan Parys]] naam de macht yn it westen oer.