Frankyske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L sa mar
L red
Rigel 4:
 
== Oername fan it Romeinsk gesach ==
Yn de [[4e iuw]] waarden der ferskate pogings dien trochbesochten de Romeinen ferskate kearen om de ynfallende Franken wer te ferdriuwen, lykas troch de lettere keizer [[Julianus Apostata]], mar om'e nocht. Yn [[358]] krigen de [[Salyske Franken]] fan de Romeinske keizer 'tastimming' harren as ''[[foederaty]]'' ('bûnsmaten') op Romeinsk gebiet oan de [[Skelde]] en tusken de grutte rivieren te festigjen. De status fan foederaty's joech de oanwêzigens fan de Franken in legitym tintsje mar feitlik hienen de Romeinen al gauris net folle mear te sizzen wêr't de Franken harren festigen. Healwei de [[5e iuw]] stoarte it Romeinske gesach bûten [[Itaalje]] folslein yn inoar. De Franken namen de frijheid en besetten al gauris de hiele provinsje [[Neder-Germaanje]] (it tsjintwurdige [[Nederlân]] besuden fan it rivierengebiet, [[Belgje]] en it tsjintwurdige [[Rynlân]]) wêrby't de Romeinske en romanisearre bewenners op'e flecht sloegen of harren ûnderwurpen oan de nije Frankyske elite. Harren ekspânsje rjochte har ferfolgens fierder nei it wolfarrende suden ta en sa stadichoan oermasteren sy [[Galje]] oan de [[Seine (rivier)|Seine]] ta.
 
== de Merovingen ==