Maya's: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 1:
[[Ofbyld: Sololá market.jpg|thumb|right|''Mayaman'']]
De '''Maya's''' ([[Yucateeksk Maya]]: ''maaya'ob'', [[Spaansk]]: ''mayas'') binne in folk yn it suden fan [[Meksiko (lân)|Meksiko]] en noardlik [[Sintraal-Amearika]]. De term wurdt brûkt as oerkoepeljende namme foar in grut oantal ynlânske folken út deselde regio, dy' t deselde kulturele en taalkundige eftergrûn hawwe.<br>
Hjoed de dei binne der sa'n 7 miljoen Maya-sprekkende boeren en stedelingen yn Guatemala, Belize, Honduras en yn de Meksikaanse steaten [[Yûkatán (steat)|Yûkatán]], [[Kwintana Roo]], [[Campesj (steat)|Kampesj]], [[Sjiapas]] en [[Tabasko (steat)|Tabasko]]. De Maya’s binne ferdield oer 29 ferskillende folken. Op it [[skiereilân]] [[Yûkatán (skiereilân)|Yûkatán]] wenje fierút de measte Maya’s. De Maya yn [[Guatemala]] hawwe fan alle Maya-folken de measte skaaimerken fan de âlde Mayakultuer hâlden. Dit omdat hjir de ynlânske folken oant fier yn de 20e iuw skaat hâlden waarden fan Europeanen en harren neisieten.