Ford Trimotor: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]] better
Rigel 37:
De '''Ford Trimotor''' (ek wol "Tri-Motor", bynamme '''"The Tin Goose"''') wie in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] sivyle transportfleanmasine mei trije motors dy't sûnt [[1925]] boud waard troch [[Henry Ford]]. De produksje gie troch oant [[7 juny]] [[1933]]; doe wienen der 199 fan makke. Hoewol ûntwurpen foar de boargerloftfeart waard it tastel ek brûkt troch militêren en it waard oer de hiele wrâld ferkocht. Ford makke de motors net sels, wat wol it gefal wie by syn T-Ford, frachtweinen en trekkers.
 
De Trimotor wie Ford syn antwurd op de [[Fokker F.VII]](3m), dêr't er ek in protte op like, mar de Trimoter wie folslein fan metaal en neffens Ford "the safest airliner around." <ref name= "Winchester p. 151.">Winchester 2004, s. 151.</ref> De romp en wjukken wienen fan [[aluminumaluminium]] ribbeltsjeplaten (om it sterker te meitsjen). Dy ribbels hienen lykwols wol fan gefolgen dat de luchtwjerstân slim tanaam, dat de fleanprestaasje frijwat fermindere. ''Transcontinental Air Transport'', dat letter part fan ''Trans World Airlines'' wurde soe, begûn mei dit tastel de transkontinintale lofttsjinst fan [[San Diego]] nei [[New York City|New York]] yn [[1929]].
 
Yn de jierren nei de [[Twadde Wrâldkriich|oarloch]] bleaunen de Ford Trimotors yn tsjinst by lytse, regionale maatskippijen. Ien fan de ferneamdste tastellen wie de Ford Trimotor N414H fan Scenic Airways dy't 65 jier lang brûkt is foar rûnflechten boppe de [[Grand Canyon]]. Dizze fleanmasine wurdt anno 2010 noch ynset foar promoasjewurk en filmopnames. <ref name= "Winchester p. 151."/>