Slach by Okswertersyl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
korr. datum
No edit summary
Rigel 18:
 
== Oanrin ==
Neidat [[Keno II tom Brok]] de stêd [[Emden]] yn East-Fryslân ferovere hie op [[Hisko Abdena]] en by de omkear yn [[Grins]] de aadlike geslachten [[Bronkhorst]] en [[Onsta]] troch [[Hekerens]] en Skieringers út de stêd jage wienen, kaam it tusken [[1413]] en [[1415]] net mear ta in iepentlike konfrontaasje. Wol besykje de belutsen partijen elkoar troch piraterij sa folle mooglike skea ta te bringen. Okko sette in part fan de [[Ommelannen]] ûnder wetter en de Skieringers ûnder [[Koppen JarichJarges]] wiene op rôftocht yn de Ommelannen om de ferdigening te bekostigjen.
 
De Alliearde partij makke plannen om Grins werom te feroverjen en brochten in grutte float byinoar. Wylst de float wachte op de komst fan de Skieringers kamen yn [[Eelde]] in protte Ommelânske bûnsmaten fan Keno tom Brok byelkoar yn. Grins waard dêrtroch min befeilige en yn de nacht fan [[13 septimber|13]] en [[14 septimber]] [[1415]] foel de stêd yn Alliearde hannen. Doe't Keno mei syn float lâne, flechte Koppen mei it Skieringer leger nei [[Kampen]] en dêrwei nei [[Snits]] en letter nei [[Boalsert (stêd)|Boalsert]]. Koppen woe sa gau mooglik Grins wer yn hannen krije en yn [[Westerlauwersk Fryslân]] foarme hy syn leger opnij. Hy wreide it fierder út troch oare Skieringers te oertsjûgen mei te dwaan tsjin Keno en syn partij. Dêrby krige Koppen hommels help fan de [[Hillige Roomske Ryk|Roomske kening]] [[Sigismund fan it Hillige Roomske Ryk|Sigismund]]. It swiertepunt fan de oarloch ferpleatse him no fan East-Fryslân en de stêd Grins, nei it westen fan de [[Ommelannen]].