Ferskil tusken ferzjes fan "Hartochdom Boergonje"

Gjin feroaring yn grutte ,  1 jier lyn
L
gjin bewurkingsgearfetting
L
Nei dat [[Gûndomar II]] tsjin [[Lotarius]] en [[Gildebert I]] yn [[534]] ferslein waard, waard it eardere [[keninkryk Boergonje]] in part fan it Frankyske Ryk. It hâlde wol in aparte status, want de âlde wetten fan it lân bleaune bestean. Stadichoan ferwettere it ûnderskied tusken Franken en Boergonjers en assimilearren de folken yn [[Latyn]]sprekkende befolking om harren hinne. Dit Boergonjeske part fan it Frankyske Ryk lei yn de hiele [[Rhône]]delte, benammen de hjoeddeiske regio’s [[Rhône-Alpes]] en [[Provence-Alpes-Côte d’Azur]]. By it [[Ferdrach fan Ferdun]] foel it westlike part fan Boergonje yn [[West-Fransje]] en it eastlike yn [[Midden-Fransje]].
 
It noard-westlike, of Frânske, part fan Boergonje waard in hartochdom ûnder de [[Frankryk|Frânske]] kroan yn [[880]], doe’t de Frânske kening [[Karel II]] de titel fan Hartoch fan Boergonje oan syn sweager [[Richard fan Autûn]] skonk. Dizze line hâlde stân oant [[1004]], doe’t Boergonje waard anneksearre troch [[Hindrik I]]. De lêste hartoch, [[Otto-Willem fan Boergonje|Otto-Willem]], hie gien soannen. Boergonje waard yn namme wer ûnôfhinklik yn [[1032]], doe’t Hindrik de titel skonk oan syn broer [[ Robert I Kapet]].
 
== Hûs fan Falois ==
It Hûs fan Kapet kaam oan de ein mei de dea fan Filips I fan Boergonje, dy’t gjin bern hie, yn [[1361]]. [[Karel de Lilke]], kening fan [[Navarra]], kleemde no de titel, mar dit wie net te akseptearjen foar Frankryk: Navarra stipe [[Ingelân]] yn de [[Hûndertjierrige Oarloch]] tusken Ingelân en Frankryk. De Frânske kening [[Jan II fan Frankryk|Jan II]] skonk de titel oan syn soan [[Filips de Stoute]], wêrmei it Hûs fan Falois begûn.
 
Under Filips en syn soan [[Jan sûnder Eangst]] waard Boergonje, de jure fan [[fasal]] fan de Frânske kening, in bedriging foar de Frânske troan. [[Karel VI fan Frankryk|KraelKarel VI]], de pakesizzer fan Jan II, wie dwylsinnich, en Filips hie de Frânske troan opeaske. Syn grutste tsjinstanner wie [[Loadewyk fan Orléans]], in jongere broer fan Karel VI. Yn [[1407]] fermoarde Jan sûnder Eangst Loadewyk, en alhoewol’t Jan absolúsje krige fan Karel VI, waarden de relaasjes net wer goed.
 
De Ingelske kening [[Hindrik V fan Ingelân|Hindrik V]] hie yn de geheim in ferbûn mei Jan sûnder Eangst sletten en by de [[Slach fan Agincourt]] wienen Boergonjeske militêren net oanwêzich. It Frânske leger waard yn dy slach fernietige. Yn [[1418]] feroveren Boergonjeske militêren [[Parys]], mar de dauphin [[Karel VII fan Frankryk|Karel VII]] koe ûntkomme. Karel de Dwylsinnige waard troch Boergonje ûnder druk setten om net Karel VII, mar de soan fan Hindrik V as troanopfolger te beskôgjen. HjirmeiDêrmei waard de troan fan Frankryk nei Ingelân oerjûn.
 
Yn [[1419]] waard Jan sûnder Eangst op [[10 septimber]] fermoarde troch militêren fan de dauphin, mar dit koe net tsjingean dat op [[6 novimber]] [[1429]] net Karel VII, mar de jonge [[Hindrik VI fan Ingelân]] de Frânske troan krige. Jan syn soan [[Filips de Goeie]] wie no hartoch fan Boergonje, en mei diplomatike setten bewarre hy de frede mei it leger fan de dauphin en Ingelân. Filips slagge deryn syn ryk út te wreidzjen mei parten fan de Lege Lannen. Tsjin [[1451]] omfieme it Boergonjeske gebiet de Lege Lannen, útsein [[Fryslân]], [[Gelre]] en [[Brabân-Limboarch]] en ek sûnder [[Luik (stêd)|Luik]] en in tal lytsere gebieten dy’t nea ta de [[Santjin Provinsjes]] heard hawwe. Gelre en Brabân-Limboarch wienen doe al fasallen en ek [[Hartochdom Lúksemboarch|Lúksemboarch]] kaam ûnder it bewâld fan Boergonje. Yn it hjoeddeiske Frankryk kamen ek [[Arteesje (regio)|Arteesje]] en [[Pakardië]], parten fan Lotaringen, neist de âlde kearn fan Boergonje by it Boergonjeske gebiet. De hartoggen wienen no op it hichtepunt fan harren macht.
83.164

bewurkings