Hartochdom Boergonje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 17:
 
== Untstean ==
Nei dat [[Gûndomar II]] tsjin [[Lotarius]] en [[Gildebert I]] yn [[534]] ferslein waard, waard it eardere [[keninkryk Boergonje]] in part fan it Frankyske Ryk. It hâlde wol in aparte status, want de âlde wetten fan it lân bleaune bestean. Stadichoan ferwettere it ûnderskied tusken Franken en Boergonjers en assimilearren de folken yn [[Latyn]]sprekkende befolking om harren hinne. Dit Boergonjeske part fan it Frankyske Ryk lei yn de hiele [[Rhône]]delte, benammen de hjoeddeiske regio’s [[Rhône-Alpes]] en [[Provence-Alpes-Côte d’Azur]]. By it [[Ferdrach fan Ferdun]] foel it westlike part fan Boergonje yn [[West-FransjeFrânsje]] en it eastlike yn [[Midden-FransjeFrânsje]].
 
It noard-westlike, of Frânske, part fan Boergonje waard in hartochdom ûnder de [[Frankryk|Frânske]] kroan yn [[880]], doe’t de Frânske kening [[Karel II]] de titel fan Hartoch fan Boergonje oan syn sweager [[Richard fan Autûn]] skonk. Dizze line hâlde stân oant [[1004]], doe’t Boergonje waard anneksearre troch [[Hindrik I]]. De lêste hartoch, [[Otto-Willem fan Boergonje|Otto-Willem]], hie gien soannen. Boergonje waard yn namme wer ûnôfhinklik yn [[1032]], doe’t Hindrik de titel skonk oan syn broer [[Robert I Kapet]].