Hylpersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Klankynventaris: De stavering en de ômskriuwing suggerearje dit. As de IPA dochs kloppet, moat de ômskriuwing oanpast wurde.
Rigel 28:
 
Neitiid wurke Blom jierrenlang oan 'e gearstalling fan in alomfiemjend [[wurdboek]] fan it Hylpersk. Letter rekke ek [[leksikon|leksikograaf]] [[Siebren Dyk]] by it projekt belutsen. Nei it hommels [[ferstjerren]] fan Blom, ein [[2014]], sette dy it wurk fuort. Ien jier letter krige er dêrby help fan 'e [[pinsjoen|pinsjonearre]] [[wiskunde]]learaar [[Wiebe Zoethout]], in memmetaalsprekker fan it Hylpersk. Dyk en Zoethout foltôgen it mear as tûzen siden tellende grutte wurdboek fan it Hylpersk, dat ein [[maart]] [[2019]] troch de [[Fryske Akademy]] útjûn waard ûnder de titel fan ''Graet Hylper Wordebook''. Dat wurdboek brûkt it [[Nederlânsk]] as beskriuwende taal, hoewol't ek de [[Frysk]]talige ekwifalinten fan 'e [[lemma|lemma's]] jûn wurde. Fierders is efteryn in Nederlânske en in Fryske [[yndeks]] tafoege, sadat men ek fanút dy talen Hylperske wurden opsykje kin.<ref name="wordebook">{{Fuotnoat|{{Aut|Vries, Sietse de}}, ''As de taal it net oprêdt, is dy teminsten fêstlein'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 29 maart 2019, bylage ''Freed'', s. 8-9}}</ref>
 
Yn [[oktober]] [[2019]] kaam in [[berneboek]]je út 'e ''[[Nijntje]]''-rige yn it Hylpersk út, ûnder de [[titel (opskrift)|titel]] ''Aete en Ame Plús''. De [[oersetting]] wie fersoarge troch [[skoaljuffer]] [[Tineke Blom]]. It boekje waard op [[freed]] [[18&nbsp;oktober]] yn 'e [[gymnastyk]]seal fan [[basisskoalle]] De Skulpe yn Hylpen presintearre. It wie it earste lêsboek dat ea yn it Hylpersk ferskynde.<ref>{{Aut|Oenema, Rixt}}, ''Altijd knokken voor het Hylpers'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 19 oktober 2019, s. 3.</ref>
 
== Status ==