Che Guevara: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:Che Guevara June 2, 1959.jpg|thumb|Che Guevara, Kuba 1962]]
'''Ernesto "Che" Guevara''' ([[Rosario (Argentynje)|Rosario]] ([[Argentynje]]), [[14 juny]] [[1928]] - [[La Higuera (Bolivia)|La Higuera]] ([[Bolivia]]), [[9 oktober]] [[1967]]), ek wol '''Che Guevara''' of koartwei '''Che''' neamd, wie in [[Argentynje|Argentysk]] [[Marksisme|marksistysk revolusjonêr]], [[politikus]], [[skriuwer]], [[dokter]] en [[guerrilla]]-strider.
 
Guevara is in ferneamd revolusjonêr. Hy wie ien fan de foaroanmannen by de machtsoername op [[Kuba]] yn [[1959]]. Dêrnei focht er yn [[Demokratyske Republyk Kongo|Kongo]]. Syn lêste rebûlje wie yn [[Bolivia]].
 
== Bernetiid en jeugd jonkheid==
Ernesto Guevara wie hikke en tein yn Rosario, [[Argentynje]]. Guevara hat al syn libben problemen hân mei syn sûnens. Doe't er trije wie krige er lêst fan [[astma]]. Hy lies in protte, sawol boeken fan [[Sigmund Freud]], [[Charles Baudelaire]], [[Karl Marx]] en [[Giovanni Boccaccio]], mar ek minder swiere boeken lykas 'Robinson Crusoë' en 'De trije musketiers'. Guevara wie yn syn jeugd by ferskillende sportferienings aktyf, mar [[rugby]] wie syn favoryt. Yn [[1948]] gong Guevara nei de universiteit fan [[Buenos Aires]] en studearre dêr medisinen. Yn 1951 makke er in motorreis troch [[Latynsk-Amearika]] mei syn maat [[Alberto Granado]]. It doel fan dy reis wie de [[lepra]]koloanje oan de rivier de [[Amazône]] yn [[Perû]], dêr't sy as frijwilligers oan't wurk woenen. It deiboek fan syn reis, ''The Motorcycle Diaries'', waard in ''bestseller'' (ferfilme yn 2004).
 
== Kuba ==
Yn [[1955]] slút Guevara him oan by de ''26 july beweging'' (ôfkoarting: M-26-7), de guerrillabeweging fan [[Fidel Castro]]. Yn Meksiko túgden de leden fan de M-26-7 in boat oan dêr't se mei nei Kuba farren. Op 2 desimber 1956 kamen hja yn Kuba oan. It Kubaanske leger wachte al op de guerrillastriders, dy't fan it strân ta de jungle yn besochten te flechtsjen. 12 fan de 82 revolusjonêren oerlibben de flecht, sa ek Guevara. Yn de bergen fan de "Sierra Maestra" wurken de revolusjonêren oan in nij legerke. De soldaten fan dat legerke wienen benammen boeren en yntellektuelen. Guevara krijtkrige al gau de heechste rang, dy fan "Comandante", en waard sa bûnsmaat fan Castro. By de revolúsje naam Guevara de eksekúsje fan ynformanten, ferrieders en spionnen op syn noed. De M-26-7 beweging makke twa jier rebûlje op [[Kuba]] en koe 1 jannewaris 1959 de politike macht oernimme fan diktator [[Fulgencio Batista]].
 
== Nei Kuba ==
Yn [[1965]] makketmakke Guevara in reis nei [[Demokratyske Republyk Kongo|Kongo]], om mei de rebellen dêr te striden. De revolúsje yn Kongo wie gjin sukses. Guevara moast him mei oare Kubaanske troepen weromlûke út de striid. Nei de mislearre revolúsje makke er in reis nei ferskillende lannen. Hy reizge fan Kongo nei [[Tanzania]], [[Praach]], Kuba (geheime reis), [[Moskou]], Praach, [[Wenen]] nei [[Bolivia]]. Op 3 novimber 1967 slútsluet er him by de oare revolusjonêren yn Bolivia oan. De striid fan de revolusjonêren yn Bolivia mei sa'n 50 guerrillas hie yn maart 1967 súkses. Dochs krigen de guerrillas gjin stipe fan de boeren en ek net fan de Kommunistyske Partij. It leger fan Bolivia waard sterker en krige ek noch stipe fan de [[Feriene Steaten]]. Op 8 oktober waard Guevara ferret troch in deserteur. Syn [[eksekúsje]] iswie in dei letter.
 
{{Guevara}}