Aebingastate (Blije): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Blije Aebinga Ljouwerterdyk 2010.jpg|thumb|rjochts|200px|''Aebingastate (2010)'']]
[[Ofbyld:Blije Aebinga Ljouwerterdyk 2.jpg|thumb|rjochts|200px|''Aebingastate'']]
'''Aebingastate''' of '''Humaldastate''' stie oan de âlde wei nei nei [[Holwert]] ten noardwestennoardwest fan [[Blije]] yn de gemeente [[Ferwerderadiel]]. Op it stee stiet no in pleats.
 
De oarsprong sil yn de [[14e iuw]] lein hawwe as stamhûs fan de yn de [[19e iuw]] útstoarne famylje aadlike famylje Aebinga fan Humalda. Stamfaar wie Anloff Aebinga dy't sûnt 1419 fermelden waard. Syn soan Syurd Aebinga erve yn 1438 "Abingha statha ende huuss, stens ende stensweer mitter greft"; dy syn broer Tzalingh brocht it ta 22e abt fan [[Mariëngaarde]] (1427-1462). Syurd syn soan Anloff sluet him yn 1491 oan by it ferbûn mei de stêd [[Grins (stêd)|Grins]]; yn 1511 wie hy ferstoarn en wenne zynsyn widdo "Saepck Aebingen" op Aebinga. De 134 pûnsmiet lân (± 45 hektare) dy't ta de state hearde brûkte hja sels.
By in boelskieding krige yn 1524 Anloff syn soan Adzaert Aebbinga de state; in oare soan waard stamfaar fan de staach Aebinga fan Humalda; in tredde soan ferfarde nei Amsterdam. Yn itselde jier noch makke Adsert syn testamint; syn frou Tyamck Cammingha soe op AebbingastateAebingastate, mei syn "deel stens ende alle die landen die daertoe hore" wenjen bliuwe meie. Adsert ferstoar pas tweintich jier letter, tusken 1547 en 1549. Hy wertroude nei Tyamcks ferstjerren mei Wits Ytsma.
 
Nei it ferstjerren fan harren dochter Tiemck yn 1558 kaam de state oan leden fan besibbe famyljes (Aebinga fan Hijum, Wynia, Aylva). Yn 1640 wie de ritmaster Van Haren eigener. Hoe't Willem fan Haren oan de state kaam is net bekend, mar mooglik fia syn frou dy't in beppesister wie fan Tryn fan Beyma, waans omke Jan yn 1540 neamd wurdt as eigener fan lannen yn BlijaBlije.<br>
Yn 1698 heart de stim oan dr. Abelus Siccama ''nomine uxore'' foar de iene helte en de sekretaris Bruinsma foar de oare helte. It goed wie dus wyls in belizzingsobjekt woarn.
 
Op de kaarten fan [[Sibrandus Leo]] (1579) en Winsemius (1622) is Aebinga as edele state oanjûn. Yn 1718 wurdt de state noch binnen singels ôfbylde; yn 1832 lei op it doe noch oan trije siden omgrêfte terrein eenin kop-hals-romppleats. No noch binne in diel fan de grêft en de singel oanwêzich.
;Bewenners
* 1490 Anloff Aebinga. Soan: