Afrikaanske mûzen en rotten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 21 okt 2019 om 20.31

De Afrikaanske mûzen en rotten (wittenskiplike namme: Nesomyidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e mûsfoarmigen (Myomorpha) en de boppefamylje fan 'e mûzen en rotten (Muroidea). Dizze famylje omfiemet ferskate ûnderfamyljes, dy't allegear lânseigen binne op it fêstelân fan Afrika of op Madagaskar. De grutste groepen wurde foarme troch de hamsterrotten, de Madagaskarrotten, de klimmûzen en de rotsmûzen. Yn totaal binne der 68 soarten. Se meitsje diel út fan 'e mûzen en rotten, in kompleks takson dat 1/4 fan alle sûchdieresoarten fan 'e wrâld beslacht.

Afrikaanske mûzen en rotten
In Madagaskarreuzerôt of fotsovotsa (Hypogeomys antmena).
In Madagaskarreuzerôt of fotsovotsa (Hypogeomys antmena).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûsfoarmigen (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: Afrikaanske mûzen en rotten
   (Nesomyidae)
Major, 1897

Skaaimerken

Afrikaanske mûzen en rotten binne foar it meastepart lytse oant middelgrutte kjifdieren, mar de grutsten binne sa grut is as in knyn. Ofhinklik fan 'e ûnderfamylje en de soarte kinne se op mûzen, rotten, wrotmûzen of hamsters lykje. Op it mêd fan harren dieet rinne se útinoar fan strang fegetarysk oant folslein ynsektivoar. Ek harren hâlden en dragen ferskilt, mei't guon soarten yn 'e beammen libje, wylst oaren ûndergrûnske hoalen grave. Se smite oer it algemien nei in draachtiid fan likernôch seis wiken in nêst fan maksimaal fjouwer jongen.

Taksonomy

In protte soarten Afrikaanske mûzen en rotten wiene foarhinne by oare taksonomyske kjifdierefamyljes yndield, mar binne op grûn fan genetysk ûndersyk mei-inoar gearbrocht yn ien famylje. Sa tocht men earder dat de hamsterrotten by de mûseftigen (Muridae) thúshearden, wylst men ornearre dat de wytsturtmûzen teplak brocht wiene by de wrotmûseftigen (Cricetidae).

Famylje-opbou

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.