Katolike Folkspartij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tink?
lanlike partij
Rigel 1:
[[File:Tweede Kamerverkiezing , verkiezingsbord KVP, Bestanddeelnr 915-1327.jpg|thumb|Ferkiezingsboerd fan de KVP yn 1963]]
De '''Katolike Folkspartij''', offisjeel ('''''Katholieke Volkspartij (KVP)''''') iswie in Nederlânske politike partij dy't [[22 desimber]] [[1945]]1915 oprjochte waard fanútút de [[Roomsk Katolike Steatspartij]] wei.
Yn 1980 fusearre de KVP mei de [[Kristelik-Histoaryske Uny]] (CHU) en de [[Anty-Revolúsjonêre Partij]] ta it [[Kristen-Demokratysk Appèl]] (CDA).
 
== KVP yn Fryslân ==
As lytse politike groepearring yn Fryslân (yn 1962 by de Steateferkiezings 6,8 %) ferlear de KVP yn de jierren '60 terrein. Earder wie ûnder ynfloed fan it yn 1954 útfeardige biskoplike mandemint, wêrby't it Roomsk Katolike minsken ferbean waard net-Katolike ynstellingen te begeunstigjen, de oanhing stabyl bleaun.
 
Provinsjaal wurke de KVP sûnt 1970 mei oan de foarming fan it [[CDA]], yn de mande mei [[Anti Revolúsjonêre Partij|AR]] en CHU. Op gemeentlik nivo die bliken dat de tsjinstellings tusken de roomske en protestantske groepen somtiden te grut foar de foarming fan in gemeentlike CDA wiene. Yn in oantal gemeentes wurke de KVP mei oan de foarming fan in groepearring Gemeentebelangen. By de Twadde Keamerferkiezings yn 1972 helle de KVP 4,7 % fan de stimmen. It ferlies is mei ta te skriuwen oan de oprjochting fan de [[Politike Partij Radikalen|PPR]], dy 't in oantal roomske stimmers op har feriene. It persintaazje RK yn Fryslân bleau likernôch gelyk yn de perioade dat de KVP ferlear (1962-1972). Yn [[1980]] waard de KVP opheft.
 
{{boarnen|boarnefernijing=