Grot: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 4:
==Foarming==
Grotten wurde faak foarme troch de oplossing fan ûndergrûnske [[kalkstien]]lagen yn [[wetterstofkarbonaat|koalsoerhâldend]] [[wetter]]. Dêrmei is it dan in [[karst (geografy)|karstferskynsel]]. De measte fan sokke grotten binne foarme troch in ûndergrûnske [[rivier]]. As se tsjintwurdich noch altyd streamend wetter omfiemje, sprekt men fan 'aktive grotten', is de rivier ferdwûn en de grot drûchfallen, dan sprekt men fan 'fossile grotten'. In bekend ferskynsel dat in protte yn grotten foarkomt, binne [[dripstien]]nen. Dat binne [[kegel]]foarmige [[jûkel]]s dy't troch drippend wetter foarme wurde en sawol hingjend as steand foarkomme kinne: hingjend op it plak dêr't it wetter fan it 'plafon' omleech dript, en steand op it plak dêr't de drippen op 'e flier fan 'e grot delkomme. Hingjende dripstiennen hjitte [[stalaktyt|stalaktiten]], wylst steande dripstiennen [[stalagmyt|stalagmiten]] neamd wurde. De faasje wêrmei't sokke dripstiennen groeie, is stadich mar fariabel. Guon groeie ien [[sintimeter]] yn [[tsien jier]], wylst oaren dêr [[tûzen jier]] oer dogge. As se âld genôch binne, kinne in stalaktyt en in stalagmyt oaninoar groeie; yn sa'n gefal sprekt men fan in dripstienpylder.
[[File:LombrivesEntree.jpg|left|thumb|250px|Utsjoch fan binnenút op 'e yngong fan 'e [[GrotteGrot defan Lombrives]], yn [[Frankryk]].]]
 
==Bisten==