F-35 Lightning II: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 12:
|-
! Tal makke
| 115435 (oant novimberoktober 20142019)
|-
! Ferneamd nei
| [[Lockheed P-38 Lightning]]
|-
|}
De Lockheed Martin '''F-35 Lightning II''' is in fjochtfleanmasine dy't fuortkaam út it '''Joint Strike Fighter-program''' (JSF). It is de trochûntwikkele ferzje fan de [[List fan Amerikaanske X-fleanmasines|X-35]], dy't yn de JSF-kompetysje har konkurrint, de X-32 fan [[Boeing]], fersloech. De [[Feriene Steaten fan Amearika]] hat yn de jierren '90 mei it JSF-projekt útein set. It projekt wurdt sûnt [[2001]] yn 'e mande mei oare lannen útfierd.
 
It is ûntwikkele en boud troch in loftfeart yndustry team mei as grutste fabrikant [[Lockheed Martin]] en mei har grutte partners [[BAE Systems]] en [[Northrop Grumman]]. In demonstraasjemasine fleach yn [[2000]], en in produksjemodel hat syn earste flecht op [[15 desimber]] [[2006]] makke.
 
== Namme ==
Yn de lannen dy't meidienen oan it JSF-projekt waarden wedstriden holden om in namme foar it fleantúch te betinken. It waard úteinlik F-35 Lightning II, in ferneaming nei sawol de [[Lockheed P-38 Lightning]] út de [[Twadde Wrâldoarloch]] as de [[English Electric Lightning]], in Britske ûnderskeppingsjager út de tiid fan de [[Kâlde Oarloch]].
 
== Farianten ==
Der sillewurde trije farianten fan de F-35 produsearre wurde:
* In standertútfiering (F-35A)
* In fariant dy't fertikaal lânje kin (F-35B)
Rigel 29:
 
== Kriichsark ==
[[Ofbyld:Lockheed Martin F-35 Lightning II mock-up instrument panel.JPG|thumb|250px|Model fan de folslein digitale cockpit]]
De F-35 sil in grut ferskaat oan wapens brûke kinne. It fleantúch hat in ynterne wapenopslach dêr't de wapens út wei lansearre wurde, sadat de [[stealth]]-technyk net bot hindere wurde kin troch tefolle objekten dy't oan 'e bûtenkant fan it fleantúch fêstmakke binne. Yntern hat it fleantúch fjouwer ophingpunten. De binnenste twa binne allinne gaadlik foar loft-loftraketten om't dy fan de ophingpunten ôf net hielendal fertikaal nei ûnder falle. De romte by de ophingpunten is makke foar de AIM-120 AMRAAM, mar kin wierskynlik ek de MBDA Meteor drage. De oare twa ynterne ophingpunten binne gaadlik foar loft-loftraketten en bommen.
 
Line 34 ⟶ 35:
 
Om de wapens te stjoeren hat de F-35 ferskillende sensors. Yn 't foarste plak hat it tastel in AN/APG-81-[[radar]] ta syn foldwaan, in AESA-radar dy't in fierdere ûntwikkeling is fan de AN/APG-77 sa't dy yn de [[F-22 Raptor]] brûkt wurdt. Beide radars wurde makke troch [[Northrop Grumman]]. Fierder hat it tastel in elektro-optyske (ynfraread) doelsiker ûnder de noas om doelen op de grûn te finen. Troch sawat it hiele tastel hinne binne sensors foar it AN/AAS-37 warskôgingssysteem ynboud. Dy elektro-optyske sensors reagearje op ynkommende raketten.
 
== Keppelingen om utens ==
* {{en}} [https://web.archive.org/web/20071111110403/http://www.lockheedmartin.com/products/f35/ F-35 op lockheedmartin.com]
* [http://www.jsfnieuws.nl/ jsfnieuws.nl]
 
[[Kategory:Amerikaanske jachtfleanmasine]]