Dyami Millarson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Libben: Ik ha alles yn it Tresoar útsocht. Guon fragen koe ik gjin antwurd op fine, mar der binne wol folle publikaasjes en it blôch jout ek antwurd op in protte fragen dy't ik hie.
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
 
→‎Libben: Lytse ferbettering
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
Rigel 4:
 
Dyami is opwoeksen yn Driebergen-Rijsenburg. Hy hat ek in jier yn Nij-Seelân west. Syn namme en efternamme binne warskynlik fan Ingelske ôfkomst. It is net bekind wat syn memmetaal is, mar sa't it bliken docht oan 'e skiednis fan syn blôch, behearsket er it Ingelsk tige goed en skriuwt er faak Ingelsk. Syn earste artikels yn it argyf op syn blôch binne perfekt Ingelsk en dit besterket it besteande fermoeden dat er fan hûs út Ingelsktalich is. Hy hat in dúdlike útspraak yn it Hollânsk en sprekt eltse letter út. <ref>[https://www.nporadio1.nl/langs-de-lijn-en-omstreken/onderwerpen/503723-de-redder-van-streektalen-dyami-millarson ''De redder van streektalen Dyami Millarson'', yn: ''[[Langs de Lijn En Omstreken]]'', 5 juny 2019.]</ref> Yn 2009 kaam er yn Ljouwert te wenjen en makke dêr kennis mei Fryslân en de Fryske kultuer. Dêr ûntstie doe de belangstelling foar de minderheidstalen om him hinne.<ref>[https://www.metronieuws.nl/in-het-nieuws/2019/06/dyami-25-wil-uitstervende-talen-redden ''Dyami (25) wil uitstervende talen redden'', yn: it ''[[Algemien Deiblêd]]'', 12 juny 2019.]</ref>
It duorre taoant 2016 ear't er de Fryske taal learde yn gearwurking mei Ken Ho. Hja kundigen doedestiids yn in filmpje op YouTube oan dat se de taal tegearre leare soene. It is net fermeld hoelang't Dyami yn 2016 oer it Frysk learen die, mar it mei oannommen wurde dat er der ûngefear sa lang - of miskien koarter want yn 2018 learde er de talen tige fluch - oer die as Ken Ho want Dyami koe yn 2016 ek Frysk prate en hie dit nei eigen sizzen tegearre mei him leard, alhoewol't dit net te hearren wie yn 'e media mar er liet wol sjen dat er it Frysk maklik ferstean koe.<ref>[https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/muzyk-yn-bedriuw-fan-19-septimber-2016-0900 ''Ken Ho yn it Frysk'', op: ''[[Omrop Fryslân]]'', 19 septimber 2016.]</ref> Wêrom't er doe gjin Frysk spriek yn 'e media is net bekind, mar hy like doe mear in fertolkjende rol te hawwen foar syn stúdzjefreon Ken Ho. Ken Ho, dy't yndertiden in taalgoeroe neamd waard en in soart ambassadeur foar it Frysk, koe Frysk yn 2016 tige goed ferstean en sprekke. Mooglik kaam dit troch help fan Dyami. Ut in fraachpetear mei Omrop Max op 20 septimber 2016 docht bliken dat Dyami de learmaster fan Ken Ho wie foar de Fryske taal en warskynlik ek it Hollânsk, om't Ken Ho suver Hollânsk sprekke koe doe't harren oankundigingsfilmpje op YouTube mei de titel "Endangered language learning challenge - Learning Frisian within 3 months (Eng Sub)" publisearre wie.
 
Yn in fraachpetear mei Roel Maalderink yn it Tresoar op 10 july 2019 bliek dat Dyami in deade Germaanske taal aktyf behearsket, nammentlik it Goatysk. Dyami krige Latyn en Gryksk op skoalle. Yn in fraachpetear mei Metro yn 2019 waard it dúdlik dat syn leafde foar talen opwekt wie troch dy deade talen. Syn blôch docht bliken dat er it Latyn ek skriuwe kin. Ken Ho en Giovanni Pinto learde him kenne troch it Latyn, en sa kaam it dat hja harren ynsette foar Fryske talen.<ref>[https://m.youtube.com/watch?v=eDqBbGJdjh8 ''Sinees Ken Ho leart yn trije moanne Frysk!'', op: ''[[YouTube]]'', 19 septimber 2016.]</ref> Dyami en syn freonenmaten litte in grut besef fan taalstjerte sjen yn al har mediaferskiningen en dit komt warskynlik troch harren kennis fan deade talen. Sa seit Dyami yn in fraachpetear mei Laura van der Zee dat er it Skiermûntseagersk foar de taaldea besparje woe en hy hat ek op oare wizen sein dat er net wol dat talen stjerre. <ref>[https://www.eilauners.nl/eilander-taal/ 'De Eilander taal'', op: ''Eilauners''.]</ref> Wat de ynfloed fan it Latyn en oare deade talen west hat op him en syn freonenmaten is lykwols net hielendal dúdlik, en wurdt hooplik yn oare fraachpetearen mear ûndersocht.
 
Dyami learde yn 2018 foar syn jierdei it Aastersk. Richard van der Veen koe deroer befêstigje dat er it Aastersk doedestiids, yn elts gefal op skrift, goed yn 'e macht hie. Yn in fraachpetear mei Felix Meurders en Dolf Jansen op 8 juny 2019 waard dúdlik dat er it Aastersk goed ferstean kin. Hy hat ferskillende stikjes yn it Aastersk skreaun dy't werom te finen binne op syn blôch. 
Rigel 17:
Ein 2018 seine Dyami en Ken Ho dat se mei Operation X trochgean soene en dat se dêr in stichting foar gearwurking tusken mienskippen fan minderheidstalen yn binnen- en bûtenlân fan makke soene. Dyami wist dat der oare sokke ynstellingen binne, wylst er dit as reden joech foar it oprjochten fan in stichting: "Mar wy wurkje oars. Wy leare de talen sels en wurde sa sels de brêge dy't talen meiïnoar ferbynt. Wy binne de ienigen yn 'e skiednis dy't njonken it Frysk, Hollânsk en Ingelsk it Aastersk, Skiermûntseagersk en Hylpersk behearskje." Mei dat lêste bedoelt er warskynlik Ken Ho en himsels, want Giovanni waard, alteast neffens de media, net belutsen by de taalútdagingen mei it Aastersk en Hylpersk. It artikel fan 'e Metro út 2019 seit nammentlik ek dat Giovanni him rjochtet op it Skiermûntseagersk.
 
Yn 2019 helle Dyami alle nijs om't de trije talen, dy't er yn 2018 leard hie tegearre mei syn freonenmaten, erkend wiene as selsstannige talen troch Glottolog. By de Fryske Akademy wie earder yn itselde jier it wurdboek fan in Hylpersk útkommen, mar as dialekt. Dyami joech yn syn fraachpetear mei Metro oan dat it einliks nuver is dat minderheidstalen (lykas it Hylpersk) dialekten neame wurde, want "alle talen hiene kompleet eigen systemen en grammatica's". Dit slacht warskynlik op de taalkundige opfetting dat "a language is a dialect with an army and navy", d.w.s. it ferskil tusken taal en dialekt hat te dwaan mei macht. Dyami sei ek yn in fraachpetear mei Henk van Steeg en Robbert Meeder: "Dialekt wurdt te pas en te ûnpas brûkt. Dat fyn ik einliks wol spitich. [...] Men hat yn 'e folksmûle nochal de neiging dêrmei in minderweardige taal oan te tsjutten." <ref>[https://www.nporadio1.nl/langs-de-lijn-en-omstreken/onderwerpen/503723-de-redder-van-streektalen-dyami-millarson ''De redder van streektalen Dyami Millarson'', yn: ''[[Langs de Lijn En Omstreken]]'', 5 juny 2019.]</ref> Dyami hat hieltiten wer op syn blôch sein dat Skiermûntseagersk, Hylpersk en it "Frysk fan Skylge" oare talen binne as it Standertfrysk. Hy skriuwt dat it learen fan al dy Westerlauwersk-Fryske talen itselde is as it learen fan frjemde talen lykas it Afrikaansk en Dútsk. Sadwaande bestudearret er it Westerlauwersk Frysk as in taalfamylje. 
 
Dyami wurdt fanwegen syn taalfeardigens en ynset foar lytse talen beskreaun as in "talenwûnder", "talenfan" en "taalfanaat", mar er is dêr sels tige nochteren oer en seit "ik soe mysels noait sa beskriuwe". Hy beskriuwt himsels as "gewoan minsk". <ref>[https://www.nporadio1.nl/langs-de-lijn-en-omstreken/onderwerpen/503723-de-redder-van-streektalen-dyami-millarson ''De redder van streektalen Dyami Millarson'', yn: ''[[Langs de Lijn En Omstreken]]'', 5 juny 2019.]</ref> Der waard sein troch Felix Meurders en Dolf Jansen dat er mear talen prate kin as Frans Timmermans, mar it is net bekind hoefolle. Op syn blôch skriuwt er Ingelsk, Latyn, Hollânsk, Frysk, Hylpersk, Aastersk, Skiermûntseagersk, Sweedsk, Grinslânsk, Dútsk, Sealterfrysk en Hilgelânsk. Ken Ho blôcht yn likefolle talen, allinnich hat er gjin Latynske artikels skreaun.