Dyami Millarson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Libben: Lytse ferbettering
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
Rigel 3:
== Libben ==
 
Dyami is opwoeksen yn Driebergen-Rijsenburg. Hy hat ek in jier yn Nij-Seelân west. Syn namme en efternamme binne warskynlik fan Ingelske ôfkomst. It is net bekind wat syn memmetaal is, mar sa't it bliken docht oan 'e skiednis fan syn blôch, behearsket er it Ingelsk tige goed en skriuwt er faak Ingelsk. Syn earste artikels yn it argyf op syn blôch binne perfekt Ingelsk en dit besterket it besteande fermoeden dat er fan hûs út Ingelsktalich is. Hy hat in dúdlike útspraak yn it Hollânsk en sprekt eltse letter út. <ref>[https://www.nporadio1.nl/langs-de-lijn-en-omstreken/onderwerpen/503723-de-redder-van-streektalen-dyami-millarson ''De redder van streektalen Dyami Millarson'', yn: ''[[Langs de Lijn En Omstreken]]'', 5 juny 2019.]</ref> Yn 2009-2010 kaam er yn Ljouwert te wenjen doe't er 15 jier âld wie en makke dêr kennis mei Fryslân en de Fryske kultuer. Dêr ûntstie doe de belangstelling foar de minderheidstalen om him hinne.<ref>[https://www.metronieuws.nl/in-het-nieuws/2019/06/dyami-25-wil-uitstervende-talen-redden ''Dyami (25) wil uitstervende talen redden'', yn: it ''[[Algemien Deiblêd]]'', 12 juny 2019.]</ref>
It duorre oant 2016 ear't er de Fryske taal learde yn gearwurking mei Ken Ho. Hja kundigen doedestiids yn in filmpje op YouTube oan dat se de taal tegearre leare soene. It is net fermeld hoelang't Dyami yn 2016 oer it Frysk learen die, mar it mei oannommen wurde dat er der ûngefear sa lang - of miskien koarter want yn 2018 learde er de talen tige fluch - oer die as Ken Ho want Dyami koe yn 2016 ek Frysk prate en hie dit nei eigen sizzen tegearre mei him leard, alhoewol't dit net te hearren wie yn 'e media mar er liet wol sjen dat er it Frysk maklik ferstean koe.<ref>[https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/muzyk-yn-bedriuw-fan-19-septimber-2016-0900 ''Ken Ho yn it Frysk'', op: ''[[Omrop Fryslân]]'', 19 septimber 2016.]</ref> Wêrom't er doe gjin Frysk spriek yn 'e media is net bekind, mar hy like doe mear in fertolkjende rol te hawwen foar syn stúdzjefreon Ken Ho. Ken Ho, dy't yndertiden in taalgoeroe neamd waard en in soart ambassadeur foar it Frysk, koe Frysk yn 2016 tige goed ferstean en sprekke. Mooglik kaam dit troch help fan Dyami. Ut in fraachpetear mei Omrop Max op 20 septimber 2016 docht bliken dat Dyami de learmaster fan Ken Ho wie foar de Fryske taal en warskynlik ek it Hollânsk, om't Ken Ho suver Hollânsk sprekke koe doe't harren oankundigingsfilmpje op YouTube mei de titel "Endangered language learning challenge - Learning Frisian within 3 months (Eng Sub)" publisearre wie.