Dyami Millarson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
Rigel 6:
It duorre oant 2016 ear't er de Fryske taal learde yn gearwurking mei Ken Ho. Hja kundigen doedestiids yn in filmpje op YouTube oan dat se de taal tegearre leare soene. It is net fermeld hoelang't Dyami yn 2016 oer it Frysk learen die, mar it mei oannommen wurde dat er der ûngefear sa lang - of miskien koarter want yn 2018 learde er de talen tige fluch - oer die as Ken Ho want Dyami koe yn 2016 ek Frysk prate en hie dit nei eigen sizzen tegearre mei him leard, alhoewol't dit net te hearren wie yn 'e media mar er liet wol sjen dat er it Frysk maklik ferstean koe.<ref>[https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/muzyk-yn-bedriuw-fan-19-septimber-2016-0900 ''Ken Ho yn it Frysk'', op: ''[[Omrop Fryslân]]'', 19 septimber 2016.]</ref> Wêrom't er doe gjin Frysk spriek yn 'e media is net bekind, mar hy like doe mear in fertolkjende rol te hawwen foar syn stúdzjefreon Ken Ho. Ken Ho, dy't yndertiden in taalgoeroe neamd waard en in soart ambassadeur foar it Frysk, koe Frysk yn 2016 tige goed ferstean en sprekke. Mooglik kaam dit troch help fan Dyami. Ut in fraachpetear mei Omrop Max op 20 septimber 2016 docht bliken dat Dyami de learmaster fan Ken Ho wie foar de Fryske taal en warskynlik ek it Hollânsk, om't Ken Ho suver Hollânsk sprekke koe doe't harren oankundigingsfilmpje op YouTube mei de titel "Endangered language learning challenge - Learning Frisian within 3 months (Eng Sub)" publisearre wie.
 
Yn in fraachpetear mei Roel Maalderink yn it Tresoar op 10 july 2019 bliek dat Dyami in deade Germaanske taal aktyf behearsket, nammentlik it Goatysk. Dyami krige Latyn en Gryksk op skoalle. Yn in fraachpetear mei Metro yn 2019 waard it dúdlik dat syn leafde foar talen opwekt wie troch dy deade talen. Syn blôch docht bliken dat er it Latyn ek skriuwe kin. Ken Ho en Giovanni Pinto learde him kenne troch it Latyn, en sa kaam it dat hja harren ynsette foar Fryske talen.<ref>[https://m.youtube.com/watch?v=eDqBbGJdjh8 ''Sinees Ken Ho leart yn trije moanne Frysk!'', op: ''[[YouTube]]'', 19 septimber 2016.]</ref> Dyami en syn maten litte in grut besef fan taalstjerte sjen yn al har mediaferskiningen en dit komt warskynlik troch harren kennis fan deade talen. Sa seit Dyami yn in fraachpetear mei Laura van der Zee dat er it Skiermûntseagersk foar de taaldea besparje woe en hy hat ek op oare wizen sein dat er net wol dat talen stjerre. <ref>[https://www.eilauners.nl/eilander-taal/  'De Eilander taal'', op: ''Eilauners''.]</ref> en hy hat ek op oare wizen sein dat er net wol dat talen stjerre. Wat de ynfloed fan it Latyn en oare deade talen west hat op him en syn maten is lykwols net hielendal dúdlik, en wurdt hooplik yn oare fraachpetearen mear ûndersocht.
 
Dyami learde yn 2018 foar syn jierdei it Aastersk. Richard van der Veen koe deroer befêstigje dat er it Aastersk doedestiids, yn elts gefal op skrift, goed yn 'e macht hie. Yn in fraachpetear mei Felix Meurders en Dolf Jansen op 8 juny 2019 waard dúdlik dat er it Aastersk goed ferstean kin. Hy hat ferskillende stikjes yn it Aastersk skreaun dy't werom te finen binne op syn blôch.