Dyami Millarson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Itselde
Rigel 20:
Yn 2019 helle Millarson alle nijs om't de trije talen, dy't er yn 2018 leard hie tegearre mei syn maten, erkend wiene as selsstannige talen troch Glottolog. By de [[Fryske Akademy]] wie earder yn itselde jier it wurdboek fan in Hylpersk útkommen, mar as dialekt.<ref>[https://www.lc.nl/friesland/Eilandtalen-en-Hielpers-opgenomen-in-internationale-talendatabank-24511408.html ''Eilandtalen en Hielpers opgenomen in internationale talendatabank'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 2 juny 2019.]</ref> Millarson joech yn syn fraachpetear mei Metro oan dat it einliks nuver is dat minderheidstalen (lykas it Hylpersk) dialekten neamd wurde, want "alle talen hiene kompleet eigen systemen en grammatica's". Dit slacht warskynlik op de taalkundige opfetting dat "a language is a dialect with an army and navy", d.w.s. it ferskil tusken taal en dialekt hat te dwaan mei macht. Millarson sei ek yn in fraachpetear mei Henk van Steeg en Robbert Meeder: "Dialekt wurdt te pas en te ûnpas brûkt. Dat fyn ik einliks wol spitich. [...] Men hat yn 'e folksmûle nochal de neiging dêrmei in minderweardige taal oan te tsjutten." <ref>[https://www.nporadio1.nl/langs-de-lijn-en-omstreken/onderwerpen/503723-de-redder-van-streektalen-dyami-millarson ''De redder van streektalen Dyami Millarson'', yn: ''[[Langs de Lijn En Omstreken]]'', 5 juny 2019.]</ref> Millarson hat hieltiten wer op syn [[bloch]] sein dat Skiermûntseagersk, Hylpersk en it "Frysk fan Skylge" oare talen binne as it Standertfrysk. Hy skriuwt dat it learen fan al dy Westerlauwersk-Fryske talen itselde is as it learen fan frjemde talen lykas it Afrikaansk en Dútsk. Sadwaande bestudearret er it Westerlauwersk Frysk as in taalfamylje. 
 
Millarson wurdt fanwegen syn taalfeardigens en ynset foar lytse talen beskreaun as in "talenwûndertalewûnder", "talenfantalefan" en "taalfanaat", mar er is dêr sels tige nochteren oer en seit "ik soe mysels noait sa beskriuwe". Hy beskriuwt himsels as "gewoan minsk". <ref>[https://www.nporadio1.nl/langs-de-lijn-en-omstreken/onderwerpen/503723-de-redder-van-streektalen-dyami-millarson ''De redder van streektalen Dyami Millarson'', yn: ''[[Langs de Lijn En Omstreken]]'', 5 juny 2019.]</ref> Der waard sein troch Felix Meurders en Dolf Jansen dat er mear talen prate kin as Frans Timmermans, mar it is net bekind hoefolle. Op syn blôch skriuwt er Ingelsk, Latyn, Hollânsk, Frysk, Hylpersk, Aastersk, Skiermûntseagersk, Sweedsk, Grinslânsk, Elfdaalsk, Dútsk, Sealterfrysk en Halûndersk. Ken Ho blôcht yn likefolle talen, allinnich hat er gjin Latynske en Elfdaalske artikels skreaun.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=