Ferskil tusken ferzjes fan "Oerlis:Dyami Millarson"

gjin bewurkingsgearfetting
(Side makke mei "Wa is Dyami Millarson? Wat hat er studearre en wat is syn - mooglike - berop? En filantroop? In protte ferûnderstellingen en fermoedens yn dit frijwat dizenich stik op grûn fan...")
 
Wa is Dyami Millarson? Wat hat er studearre en wat is syn - mooglike - berop? En filantroop? In protte ferûnderstellingen en fermoedens yn dit frijwat dizenich stik op grûn fan fraachpetearen dy't gjin 'hurde', objektive, boarnen binne. Ik bin fan doel om in protte te skrassen yn dit stik. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|oerlis]]) 8 nov 2019, 18.05 (CET)
 
Ik tink dat in protte minsken al earder ûndersyk hjirnei dien ha en ik tink net dat al dizze sjoernalisten (it binne der in protte) sa mar wat delskreaun ha. Ik mei oannimme dat se witte wat se oer him en syn maten skriuwe (ûndersykssjoernalistyk). Der is ek in protte oerienkomst yn 'e ynformaasje fan alle boarnen út 'e media en dêrom ha ik se opnommen. Eltsenien kin alles dat ik delskreaun ha neilêze yn 'e boarnen en ek yn 'e opnames harkje. Ik ha in pear oeren yn it Tresoar dwaande west om alles nei te sjen, en ik kin gjin bewiis fine dat de sjoernalisten harren wurk net dien hawwe, it soe ek goed wêze as ús media hielendal net betrouber is.
Der is nearne te finen wat syn berop is. Yn in fraachpetear mei Frysk Deiblêd wurdt der sein dat er eat mei syn termen hat:
"Die zijn des te groter doordat Dyami het kortedarmsyndroom heeft. ,,Daardoor lig ik bijna hele dagen op bed. Ik besteed dan mijn tijd aan het bestuderen van de Friese taaldiversiteit. Het verheft mijn geest”, legt hij uit. Boarne: https://frieschdagblad.nl/2018/8/11/talenfan-dyami-millarson-leert-in-zeven-weken-schiermonnikoogs-dialect?harvest_referrer=https:%2F%2Foperationxblog.wordpress.com%2Fpublicity%2F
Ik ha skreaun dat er in filantroop is om't faker yn 'e fraachpetearen oanjûn wurdt dat it giet om empathy/meifielen. Sa seid er dat it in protte docht mei de âlderein. Ik my holden oan 'e definysje dy't de Ingelske Wikipedy jout:
A conventional modern definition is "private initiatives, for the public good, focusing on quality of life"
It liket my net dat syn taalprojekt tegearre mei Ken Ho in "for-profit initiative" is. Der wurdt nearne skreaun dat se der jild oan fertsjinje. Dêrom tink ik dat ik my oan 'e konvinsjonele definysje holden ha.
Ik ha hjir no genôch oan wurke en ik ha der in protte tiid yn stopt, mear as ik einliks woe, mar ik fûn it gewoan ynteressant. Ik ha der wol in soad fan opstutsen en dêrom hoopje ik datst earlik nei de boarnen sjen wolst want it liket my gjin fake news.
Anonime meidogger