Ferskil tusken ferzjes fan "Oerlis:Dyami Millarson"

gjin bewurkingsgearfetting
It liket my net dat syn taalprojekt tegearre mei Ken Ho in "for-profit initiative" is. Der wurdt nearne skreaun dat se der jild oan fertsjinje (ek seit de Ljouwerter Krante dat se in stichting oprjochte wolle foar minderheidstalen). Dêrom tink ik dat ik my oan 'e konvinsjonele definysje holden ha.
Ik ha hjir no genôch oan wurke en ik ha der in protte tiid yn stopt, mear as ik einliks woe, mar ik fûn it gewoan ynteressant. Ik ha der wol in soad fan opstutsen en dêrom hoopje ik datst earlik nei de boarnen sjen wolst want it liket my gjin fake news.
Nota bene: Ik wol noch wat tafoegje ear't ik fan myn wurk gean. Ik ha dizze pagina fan it blôch folle brûkt: https://operationxblog.wordpress.com/publicity/
Operation X wurdt hjir omskreaun as einliks in filantropysk projekt foar lytse talen en kulturen: https://www.trouw.nl/cultuur-media/de-jongeren-van-operatie-x-komen-de-taal-van-schiermonnikoog-redden~ba1f2979/
Yn dat artikel wurdt Millarson in inisjatyfnimmer neamd, d.w.s. ien dy't dielnimt oan in filantropysk inisjatyf. It artikel fan 'e Ljouwerter Krante oer harren projekt mei Hylpen befêstiget dat Operation X einliks om filantropy giet: hja wolle sels in stichting fan Operation X meitsje. Ik tink net dat wy dizze oankundiging sjen kinne as klinkkleare ûnsin.
Ik ha tink ik ferjitten om dit artikel fan 'e Telegraaf noch as boarne ta te foegjen om't it al in soad wurk wie foar my om alles út te sykjen: https://www.telegraaf.nl/nieuws/2478231/spreekt-u-ook-schiermonnikoogs
Anonime meidogger