Tentoanstelling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L red
Rigel 1:
[[File:Tate.modern.interior.london.arp.jpg|right|thumb|250px|De tentoanstelling fan [[keunst]]objekten yn in [[museum]].]]
In '''tentoanstelling''' of '''útstalling '''is in gelegenheid wêrby't ien of mear [[minske|persoanen]] of [[organisaasje]]s beskate foarwerpen sjen litte op in folslein of beheind iepenbier tagonklike lokaasje oan in publyk besteande út partikulieren of fertsjintwurdigers fan [[bedriuw]]en. Oare nammen foar in tentoanstelling binne '''eksposysje''' (fan it [[Latyn]]ske ''expositio'' fia it [[Aldfrânsk]]e ''esposicion'', "oanbieding"), '''ekspo''expo''''' (in ferkoarting fan 'eksposysje', ek brûkt foar [[fakbeurzen]]) en '''ekshibysje''' (fan it Latynske ''exhibitus'', "ik lit sjen"). De saken dy't by tentoanstellings ter besichtiging oanbean wurde, binne yn 'e regel [[keunst]]objekten ([[skilderij]]en, [[byldhouwurk]]en, [[foto's]], ensfh.) of foarwerpen fan [[skiednis|histoaryske]] wearde, mar kinne ek mear [[kommersje]]el rjochte wêze, lykas op [[fakbeurs|fak]]- en [[hannelsbeurs|hannelsbeurzen]]. In [[dieretún]] soe ek as in tentoanstelling beskôge wurde kinne, te witten fan libbene [[bist]]en.
 
Hoewol't tentoanstellings yn prinsipe oeral holden wurde kinne, komme se ornaris benammen foar yn [[museum|museä]], [[keunstgallery]]en en [[ekspohal]]len. Krektsa soe in tentoanstelling út ien inkeld foarwerp bestean kinne, mar yn 'e regel leit yn 'e oantsjutting besletten dat it om in kolleksje giet fan faak besibbe objekten, dy't bygelyks troch deselde [[keunstner]] makke binne, ta deselde [[keunst]]streaming hearre, út itselde [[skiednis|histoaryske tiidrek]] datearje of fan deselde [[kultuer]] ôfkomstich binne. Tentoanstellings kinne foar fêst of tydlik wêze. De measte museä hawwe in fêste kolleksje dy't oanhâldend te besichtigjen is (útsein as guon foarwerpen útliend binne oan oare museä), wylst se dêrnjonken romte hâlde foar wikseljende, tydlike eksposysjes, wêrmei't se in fêst publyk fan museumgongers oanhâldend op 'e nij besykje te lokjen.