Dyami Millarson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Libben: Bloch en boarne foar in sitaat tafoege
Rigel 3:
 
== Libben ==
Millarson is opwoeksen yn Driebergen-Rijsenburg. Hy hat ek in jier yn Nij-Seelân west. Syn namme en efternamme binne warskynlikwierskynlik fan Ingelske ôfkomst. It is net bekind wat syn memmetaal is, mar sa't it bliken docht oan 'e skiednis fan syn blôch, behearsket er it Ingelsk tige goed en skriuwt er faak Ingelsk. Syn earste artikels yn it argyf op syn blôch binne perfekt Ingelsk en dit besterket it besteande fermoeden dat er fan hûs út Ingelsktalich is. Hy hat in dúdlike útspraak yn it Hollânsk en sprekt eltse letter út. <ref>[https://www.nporadio1.nl/langs-de-lijn-en-omstreken/onderwerpen/503723-de-redder-van-streektalen-dyami-millarson ''De redder van streektalen Dyami Millarson'', yn: ''[[Langs de Lijn En Omstreken]]'', 5 juny 2019.]</ref> Yn 2009-2010 kaam er yn Ljouwert te wenjen doe't er 15 jier âld wie en makke dêr kennis mei Fryslân en de Fryske kultuer. Dêr ûntstie doe de belangstelling foar de minderheidstalen om him hinne.<ref>[https://www.metronieuws.nl/in-het-nieuws/2019/06/dyami-25-wil-uitstervende-talen-redden ''Dyami (25) wil uitstervende talen redden'', yn: de ''[[Metro]]'', 12 juny 2019.]</ref>
It duorre oant 2016 ear't er de Fryske taal learde yn gearwurking mei Ken Ho. Hja kundigen doedestiids yn in filmpje op YouTube oan dat se de taal tegearre leare soene. It is net fermeld hoelang't Millarson yn 2016 oer it Frysk learen die, mar it mei oannommen wurde dat er der ûngefear sa lang - of miskien koarter want yn 2018 learde er de talen tige fluch - oer die as Ken Ho want Millarson koe yn 2016 ek Frysk prate en hie dit nei eigen sizzen tegearre mei him leard, alhoewol't dit net te hearren wie yn 'e media mar er liet wol sjen dat er it Frysk maklik ferstean koe.<ref>[https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/muzyk-yn-bedriuw-fan-19-septimber-2016-0900 ''Ken Ho yn it Frysk'', op: ''[[Omrop Fryslân]]'', 19 septimber 2016.]</ref> Wêrom't er doe gjin Frysk spriek yn 'e media is net bekind, mar hy like doe mear in fertolkjende rol te hawwen foar syn stúdzjefreon Ken Ho. Ken Ho, dy't yndertiden in taalgoeroe neamd waard en in soart ambassadeur foar it Frysk, koe Frysk yn 2016 tige goed ferstean en sprekke. Mooglik kaam dit troch help fan Millarson. Ut in fraachpetear mei Omrop Max op 20 septimber 2016 docht bliken dat Millarson de learmaster fan Ken Ho wie foar de Fryske taal en warskynlikwierskynlik ek it Hollânsk, om't Ken Ho suver Hollânsk sprekke koe doe't harren oankundigingsfilmpje op YouTube mei de titel "Endangered language learning challenge - Learning Frisian within 3 months (Eng Sub)" publisearre wie.
 
Yn in fraachpetear mei Roel Maalderink yn [[Tresoar]] op 10 july 2019 bliek dat Millarson in deade Germaanske taal aktyf behearsket, nammentlik it [[Goatysk]]. Millarson krige Latyn en Gryksk op skoalle. Yn in fraachpetear mei Metro yn 2019 waard it dúdlik dat syn leafde foar talen opwekt wie troch dy deade talen. Syn blôch docht bliken dat er it Latyn ek skriuwe kin. Ken Ho en Giovanni Pinto learde him kennen troch it Latyn, en sa kaam it dat hja harren ynsetten foar Fryske talen.<ref>[https://m.youtube.com/watch?v=eDqBbGJdjh8 ''Sinees Ken Ho leart yn trije moanne Frysk!'', op: ''[[YouTube]]'', 19 septimber 2016.]</ref> Millarson en syn maten litte in grut besef fan taalstjerte sjen yn al har mediaferskiningen en dit komt wierskynlik troch harren kennis fan deade talen. Sa seit Millarson yn in fraachpetear mei Laura van der Zee dat er it Skiermûntseagersk foar de taaldea besparje woe <ref>[https://www.eilauners.nl/eilander-taal/ 'De Eilander taal'', op: ''Eilauners''.]</ref> en hy hat ek op oare wizen sein dat er net wol dat talen stjerre.
Rigel 16:
Millarson en syn freon Ken Ho jouwe in protte om útspraak by it learen fan talen. Hja seine yn 2018 tsjin de [[Ljouwerter Krante]]: "De klanken, dy binne it wichtichst. Wy jouwe in protte om útspraak." Millarson hat Ken Ho holpen by it learen fan Hollânske útspraak.<ref>[https://www.nporadio1.nl/langs-de-lijn-en-omstreken/onderwerpen/503723-de-redder-van-streektalen-dyami-millarson ''De redder van streektalen Dyami Millarson'', yn: ''[[Langs de Lijn En Omstreken]]'', 5 juny 2019.]</ref> Hja leare talen fierders mei lêsboeken, grammatica's en wurdlisten. De freonen tinke dat harren wize fan learen in foarbyld wêze kin foar it taalûnderwiis.<ref>[https://www.lc.nl/friesland/Hindeloopen-omarmt-Chinees-Ken-Hoen-en-Leeuwarder-Dyami-Millarson-omdat-ze-het-Hylpers-leerden-23804718.html ''Hindeloopen omarmt Chinees Ken Hoen en Leeuwarder Dyami Millarson - omdat ze het Hylpers leerden'', yn: ''[[Ljouwerter Krante]]'', 13 novimber 2018.]</ref> 
 
Ein 2018 seine Millarson en Ho dat se mei Operation X trochgean soene en dat se dêr in stichting foar gearwurking tusken mienskippen fan minderheidstalen yn binnen- en bûtenlân fan meitsje soene. Millarson wist dat der oare sokke ynstellingen binne, wylst er dit as reden joech foar it oprjochtsjen fan in stichting: "Mar wy wurkje oars. Wy leare de talen sels en wurde sa sels de brêge dy't talen meiïnoar ferbynt. Wy binne de ienigen yn 'e skiednis dy't njonken it Frysk, Hollânsk en Ingelsk it Aastersk, Skiermûntseagersk en Hylpersk behearskje."<ref>[https://www.lc.nl/friesland/Hindeloopen-omarmt-Chinees-Ken-Hoen-en-Leeuwarder-Dyami-Millarson-omdat-ze-het-Hylpers-leerden-23804718.html ''Hindeloopen omarmt Chinees Ken Hoen en Leeuwarder Dyami Millarson - omdat ze het Hylpers leerden'', yn: ''[[Ljouwerter Krante]]'', 13 novimber 2018.]</ref> Mei dat lêste bedoelt er warskynlikwierskynlik Ken Ho en himsels, want Pinto waard, alteast neffens de media, net belutsen by de taalútdagingen mei it Aastersk en Hylpersk. It artikel fan 'e Metro út 2019 seit nammentlik ek dat Pinto him rjochtet op it Skiermûntseagersk.
 
Yn 2019 helle Millarson alle nijs om't de trije talen, dy't er yn 2018 leard hie tegearre mei syn maten, erkend wiene as selsstannige talen troch Glottolog. By de [[Fryske Akademy]] wie earder yn itselde jier it wurdboek fan in Hylpersk útkommen, mar as dialekt.<ref>[https://www.lc.nl/friesland/Eilandtalen-en-Hielpers-opgenomen-in-internationale-talendatabank-24511408.html ''Eilandtalen en Hielpers opgenomen in internationale talendatabank'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 2 juny 2019.]</ref> Millarson joech yn syn fraachpetear mei Metro oan dat it einliks nuver is dat minderheidstalen (lykas it Hylpersk) dialekten neamd wurde, want "alle talen hiene kompleet eigen systemen en grammatica's". Dit slacht warskynlikwierskynlik op de taalkundige opfetting dat "a language is a dialect with an army and navy", d.w.s. it ferskil tusken taal en dialekt hat te dwaan mei macht. Millarson sei ek yn in fraachpetear mei Henk van Steeg en Robbert Meeder: "Dialekt wurdt te pas en te ûnpas brûkt. Dat fyn ik einliks wol spitich. [...] Men hat yn 'e folksmûle nochal de neiging dêrmei in minderweardige taal oan te tsjutten." <ref>[https://www.nporadio1.nl/langs-de-lijn-en-omstreken/onderwerpen/503723-de-redder-van-streektalen-dyami-millarson ''De redder van streektalen Dyami Millarson'', yn: ''[[Langs de Lijn En Omstreken]]'', 5 juny 2019.]</ref> Millarson hat hieltiten wer op syn [[bloch]] sein dat Skiermûntseagersk, Hylpersk en it "Frysk fan Skylge" oare talen binne as it Standertfrysk. Hy skriuwt dat it learen fan al dy Westerlauwersk-Fryske talen itselde is as it learen fan frjemde talen lykas it Afrikaansk en Dútsk. Sadwaande bestudearret er it Westerlauwersk Frysk as in taalfamylje. 
 
Millarson wurdt fanwegen syn taalfeardigens en ynset foar lytse talen beskreaun as in "talewûnder", "talefan" en "taalfanaat", mar er is dêr sels tige nochteren oer en seit "ik soe mysels noait sa beskriuwe". Hy beskriuwt himsels as "gewoan minsk". <ref>[https://www.nporadio1.nl/langs-de-lijn-en-omstreken/onderwerpen/503723-de-redder-van-streektalen-dyami-millarson ''De redder van streektalen Dyami Millarson'', yn: ''[[Langs de Lijn En Omstreken]]'', 5 juny 2019.]</ref> Der waard sein troch Felix Meurders en Dolf Jansen dat er mear talen prate kin as Frans Timmermans, mar it is net bekind hoefolle. Op syn blôch skriuwt er Ingelsk, Latyn, Hollânsk, Frysk, Hylpersk, Aastersk, Skiermûntseagersk, Sweedsk, Grinslânsk, Elfdaalsk, Dútsk, Sealterfrysk en Halûndersk. Ken Ho blôcht yn likefolle talen, allinnich hat er gjin Latynske en Elfdaalske artikels skreaun.
 
== Keppelings om utens ==
 
[https://operationxblog.wordpress.com/ Blôch fan Operation X]
 
{{Boarnen|boarnefernijing=