Oerlis:Dyami Millarson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 19:
 
:::Ik begryp dat we it min ofte mear iens binne oer 'taalkundige'. Semantysk kin it ek betsjutte dat immen 'kundich is op it mêd fan talen', mar yn 'e praktyk wurdt it dochs ornaris brûkt foar immen dy't op dat mêd in universitêre graad behelle hat. Dat, litte we no net oan termfersmoarging dwaan troch it iene mei it oare trochinoar te smiten. 'Taalûndersiker' kinne jo brûke. Ik wit net oft ik Millarson sa neame soe, mar dêr wol ik gjin punt fan meitsje. 'Talekenner', sa't jo him yn 'e tekst oantsjut hawwe, fyn ik in bettere omskriuwing. Ik soe him ek in [[polyglot]] neame wolle, immen dy't in soad talen sprekt en der aardichheid oan hat om hieltyd wer nije talen te learen. Oer 'filantroop' wurde we it leau 'k net iens. Jo lykje tige wis fan jo saak, mar ik haw nochris eefkes op [[:en:Philanthropy]] sjoen, en as ik yn 'e gauwichheid net wat mist haw, geane alle foarbylden dy't dêr jûn wurde oer it brûken fan jild om op altruïstyske wize de wrâld ta in better plak te meitsjen. As ik jo boppesteande sjapiter lês, komt it my suver oan dat jo in wat negatyf byld hawwe fan it wurd 'aktivist'. Ik fyn it krekt in hiel posityf wurd. Jo neame in aktivist in 'nimmer' en in filantroop in 'jouwer'. Neffens my binne it beide jouwers: in aktivist jout fan syn tiid en enerzjy oan 'e goede saak. En ik sjoch hielendal gjin reden dat aktivisme wat mei polityk te krijen hawwe moat (njonken polityk aktivisme hawwe je ek sosjaal aktivisme) of dat aktivisten by de iene of oare organisaasje of beweging oansletten wêze moatte. In aktivist kin prima op eigen manneboet operearje. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 9 nov 2019, 23.18 (CET)
 
:::: Wy komme der wol út tink ik:
:::: 1. Taalkundige: Wat tinke jo fan taalwittenskipper as alternatyf? Hawwe jo dêr deselde beswieren tsjin as taalkundige of sjogge jo dat mear lykas taalûndersiker? Hjir is te lêzen dat Ho en Millarson ûndersyk dogge/dien hawwe: https://www.omropfryslan.nl/nijs/848559-hylper-taal-fergetten-troch-lan-fan-taal
:::: 2. Talekenner: Ik tink dat dit wurd apart beskôge wurde moat. Talekener is ommers oars as ien dy't him mei taalûndersyk/-wittenskip dwaande hâldt. Men kin tagelyks talekenner en taalûndersiker/-wittenskipper wêze, tinkt my.
:::: 3. Polyglot: Dat kinne jo tafoegje. Ik sjoch net in beswier dêrtsjin. Frans Timmermans, wêrmei't er fergelike wurdt, is ek in polyglot. Lykwols jout er gjin antwurd op hoefolle talen oft er prate kin, mar ik koe it (diels?) efterhelje mei syn blôch.
:::: 4. Filantroop: Sjoch ris 'Traditional philanthropy versus philanthrocapitalism' op dyselde pagina. Jo sitte mei dat lêste yn 'e holle. Tradisjoneel giet filantropy net om jild. Yn myn tiid waard dat ek noch net sa. In synonym fan 'humanitarian' bygelyks is gewoan 'philanthropist' yn it Ingelsk (sjoch mar op Wiktionary). Ik ha wol wat alternativen foar betocht: 'minskefreon' of 'humanist'. Hy hat klassike talen studearre en liket wol ynsperearre te wêzen dêrtroch om him foar útstjerrende talen yn te setten. Dêrom tocht ik oan humanist as alternatyf, mar dit soe ek as aparte benamming opneamd wurde om't dit dochs wol in bytsje oars is as filantroop. Ek kin minskefreon wol en dat dekt deselde lading as filantroop faaks mear. Ik ha it Frysk Hânwurdboek dêrfoar neisjoen en dy jout de definysje "immen dy't it goed mei syn meiminsken foarhat". Lykwols soe ik by minskefreon tafoegje wolle 'dy't goeddoedigens/woldiedigens docht' om't it oars liket oft er de doarpsgek is dy't fan eltsenien hâldt. Minskefreon hat lykwols te dwaan mei de definysje fan filantroop: "love of humanity".
:::: 5. Taalaktivist: Jo ha my oertsjûge dat taalkundige net fan tapassing is. Ik tink dat itselde jildt foar dit wurd as aktivist: Semantysk kin it ek betsjutte dat immen 'him ynset foar in goed doel', mar yn 'e praktyk wurdt it dochs ornaris brûkt foar immens dy't oansletten is by in polityk aktive groep of beweging of op de ien of oare wize ferbûn is dêroan (hy/sy hannelt faak net allinne mar yn in polityk klimaat). Lit ik it sa mar sizze, ik moat noch in foarbyld fan in aktivist tsjinkomme dy't him net dwaande hâldt mei polityk op de ien of oare wize. Ik ha in protte lêzen oer 'e Fryske Beweging yn it Tresoar en dit is it byld dat ik yn it algemien ûntwikkele ha troch de jieren hinne. Oars sein, ik tink net dat aktivisme sûnder polityk kin yn 'e praktyk. Men nimt yn 'e praktyk altiten in politike stelling yn foar aktivisme. Ik bedoel dit net as weardetakenning. Aktivisme hat goed west foar it Frysk. Wat ik woe oantsjutten mei jouwer/nimmer: In aktivist nimt grûn yn, mar Millarson jout grûn/rûmte oan oaren. In aktivist is oer it algemien agressiver yn syn taktiken om't er yn it goede fan syn saak leauwt. Freonlikens/minsklikens liket foarop te stean by Millarson en syn freonen. It is ek tige loftich om harren ferhaal te lêzen. It is mear in 'feel good story'.
:::: 6. Talerêder: Ik mien dat dit in lienoersetting is foar 'language revivalist'. It docht tinken oan it wurk fan polyglot Ghil'ad Zuckermann. It hat neat te dwaan mei hoefolle talen oft er ret hat, mar it hat te dwaan mei it wurk dat dien wurdt mei in wisse yntinsje. Sjoch ek ris: https://operationxblog.wordpress.com/2019/03/26/extinct-north-frisian-languages/
Werom nei de side "Dyami Millarson".