Ferskil tusken ferzjes fan "Dyami Millarson"

335 bytes grutter ,  7 moannen lyn
→‎Libben: Keppelings tafoege, Frans Timmermans
(Keppeling tafoege)
(→‎Libben: Keppelings tafoege, Frans Timmermans)
Yn in fraachpetear mei Roel Maalderink yn [[Tresoar]] op 10 july 2019 bliek dat Millarson in deade Germaanske taal aktyf behearsket, nammentlik it [[Goatysk]]. Millarson krige Latyn en Gryksk op skoalle. Yn in fraachpetear mei Metro yn 2019 waard it dúdlik dat syn leafde foar talen opwekt wie troch dy deade talen. Syn bloch docht bliken dat er it Latyn ek skriuwe kin. Ken Ho en Giovanni Pinto learde him kennen troch it Latyn, en sa kaam it dat hja harren ynsetten foar Fryske talen.<ref>[https://m.youtube.com/watch?v=eDqBbGJdjh8 ''Sinees Ken Ho leart yn trije moanne Frysk!'', op: ''[[YouTube]]'', 19 septimber 2016.]</ref> Millarson en syn maten litte in grut besef fan taalstjerte sjen yn al har mediaferskiningen en dit komt wierskynlik troch harren kennis fan deade talen. Sa seit Millarson yn in fraachpetear mei Laura van der Zee dat er it Skiermûntseagersk foar de taaldea besparje woe <ref>[https://www.eilauners.nl/eilander-taal/ 'De Eilander taal'', op: ''Eilauners''.]</ref> en hy hat ek op oare wizen sein dat er net wol dat talen stjerre.
 
Millarson learde yn 2018 foar syn jierdei it Aastersk. Richard van der Veen koe befêstigje dat er it Aastersk doedestiids, yn elts gefal op skrift, goed yn 'e macht hie. Yn in fraachpetear mei [[Felix Meurders]] en [[Dolf Jansen]] op 8 juny 2019 waard dúdlik dat er it Aastersk goed ferstean kin. Hja ferlike him mei [[Frans Timmermans]] fanwegen syn meartaligens.<ref>[https://www.nporadio2.nl/gemist/uitzending/260529/08-06-2019 'Spijkers met koppen'', op: ''NPO Radio 1''.]</ref> Hy hat ferskillende stikjes yn it Aastersk skreaun dy't werom te finen binne op syn bloch. 
 
Millarson learde yn 2018 it Skiermûntseagersk mei syn ynternasjonale freonegroep. It wie harren doel om de taal wer ''cool'' te meitsjen. De Telegraaf gie mei harren nei it eilân ta en die ferslach dat se de taal sa goed as de lêste sprekkers yn 'e macht hiene, alhoewol't se net earder op it eilân west hiene. De eilanners seine sels dat hja op it eilân bliuwe mochten, om't hja wol echte eilanners liken.<ref>[https://www.telegraaf.nl/nieuws/2478231/spreekt-u-ook-schiermonnikoogs 'Spreekt u ook Schiermonnikoogs?'', yn: de ''Telegraaf''.]</ref> Millarson hat in mearke mei de titel "Trooi reuzen op ús eilaun" skreaun. Op 26 septimber 2019 ferskynde er foar Jeropeeske Dei fan 'e Talen as "talendokter" yn it telefyzjeprogramma ''Man Bijt Hond'' en learde er it Skiermûntseagersk oan minsken op strjitte (it wie te hearren dat er it Skiermûntseagersk goed yn 'e macht hie). Hy sei oan it ein fan it clipje dat de dei in sukses wie.<br>
 
Yn septimber 2018 waarden Millarson en Ho yn Hylpen as "taalhelden" ûnthelle. De Hylpers wiene bot ferrast dat it duo him yn 'e Hylper taal ferdjippe hie. Millarson joech oan dat de taalsituaasje yn Hylpen slimmer wie as er oarspronklik tocht hie. Hy woe net dat de taal fan Hylpen lykas dy fan Molkwar útstjerre soe. Hy foege dêroan ta dat it Hylpersk it lêste oerbliuwsel wie fan it meast argayske Frysk út 'e regio.<ref>[https://www.lc.nl/friesland/Hindeloopen-omarmt-Chinees-Ken-Hoen-en-Leeuwarder-Dyami-Millarson-omdat-ze-het-Hylpers-leerden-23804718.html ''Hindeloopen omarmt Chinees Ken Hoen en Leeuwarder Dyami Millarson - omdat ze het Hylpers leerden'', yn: ''[[Ljouwerter Krante]]'', 13 novimber 2018.]</ref> Ut it ûndersyk fan Millarson en Ho yn 2018 docht bliken dat it Hylpersk in tige behâldend taal is.<ref>[https://www.omropfryslan.nl/nijs/848559-hylper-taal-fergetten-troch-lan-fan-taal ''Hylper taal fergetten troch Lân fan taal'', op: ''[[Omrop Fryslân]]'', 12 novimber 2018.]</ref>
Anonime meidogger