Arianny Celeste: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L [[]] oars
Rigel 25:
 
===Karriêre===
Yn [[2006]] makke Celeste har [[debút]] as [[omgongsdame]] ([[Ingelsk]]: ''ring girl'') by de [[mixed martial arts]]-kompetysje fan it [[Ultimate Fighting Championship]] (UFC) yn it [[Hard Rock Hotel and Casino (Las Vegas)|Hard Rock Hotel and Casino]] yn [[Paradise (Nevada)]]. Hja makke in soad yndruk en waard troch it [[tydskrift]] ''Fighter's Only Magazine'' útkeazen as Omgongsdame fan it Jier 2006.
 
Yn [[2008]] waard se by de earste [[World MMA Award]]s (MMA stiet foar ''mixed martial arts'') útornearre ta Omgongsdame fan it Jier 2008. In jier letter prolongearre Celeste dy titel troch by de World MMA Awards fan [[2009]] konkurrintes as [[Natasha Wicks]] en [[Logan Stanton]] te ferslaan. Neitiid wûn se dyselde titel noch twaris efterinoar, wêrby't se yn [[2010]] [[Rachelle Leah]] en [[Brittney Palmer]] fersloech, en yn [[2011]] op 'e nij Brittney Palmer. Yn [[2012]] ferlear Celeste op it kantsje ôf fan Palmer, en yn [[2013]] barde itselde. Yn [[2014]] fersloech se lykwols Palmer en de jongere konkurrinte [[Carly Baker]], en waard foar de fyfde kear útroppen ta Omgongsdame fan it Jier.